Koraalorkest Hymne
Koraalorkest Hymne is in orkest út Snits dat yn 2003 oprjochte is om koralen te spyljen. Nei in advertinsje yn augustus 2003 troch dirigint/saksofonist Jan Brens yn de Snitser krante joegen har rûnom út de provinsje muzikanten op om ien kear yn de wike koraalmuzyk en koraalbewurkingen te spyljen. Yn septimber koe der yn ien fan de sealen fan it Bogermankolleezje yn Snits útein set wurde mei in lytse 20 muzikanten. Dat tal waakse dy hjerstmis hurd oan en mei de Krystdagen koe der fuort al mei sa’n 25 minsken in Krystkonsert jûn wurde yn de Sint-Martinystsjerke fan Snits. Dêrfoar hie op 15 novimber it orkest al presintearre yn Warkum dêr’t ek Thijs van Leer oan it konsert meiwurke.
Yn 2012 binne der 32 leden rûnom út de provinsje. It orkest wurdt wolris in brassband-plus neamd, omdat der oan de brassband trije saksofoans en inkele trompetten taheakke binne. Alle jierren docht it orkest mei oan sa’n 15 optredens, konserten, betinkings en tsjerketsjinsten. It repertoire bestiet út wurken fan de ‘klassikers’ Bach, Händel en Mozart en bewurkings fan modernere komponisten lykas Cesar Franck. Dêrnjonken makket de dirigint, Jan Brens, sels hiel wat bewurkings foar Hymne.
CD's
bewurkje seksje- Koraalorkest Hymne (2005)
- Oan jo de lof (2008)
- Koraalorkest Hymne mei soliste Sportel (2012)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |