Kostersfeart
De Kostersfeart is in feart yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De feart rint fan Garyp nei it noardwesten, ûnder de Stinswei troch en komt út yn de Ringsleat by de polderdyk om de Wide Ie.
De namme Kostersfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Pastorievaart.