Kraaiepoat (soan fan Sittende Bolle)
Kraaiepoat (Ingelsk: Crow Foot; 1876? – Grand River (Súd-Dakota), 15 desimber 1890) wie in jonge Lakota fan 'e Hûnkpapa-substamme, en ien fan 'e soannen fan it ferneamde opperhaad Sittende Bolle. Syn mem wie òf Sjoen-troch-Har-Folk òf Fjouwer Kladen. Hy hie teminsten ien suster of healsuster, Mannich Hynder, en fierders noch in oannommen broer, Ien Bolle, en twa oannommen susters, Rint Sjende en Annie Oakley.
Kraaiepoat (soan fan Sittende Bolle) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme | Crow Foot | |
berne | 1876 (?) | |
stoarn | 15 desimber 1890 | |
stjerplak | oan 'e Grand River (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota-Sû (Sioux) | |
wurkpaad | ||
reden bekendheid |
soan fan Sittende Bolle, mei syn heit fermoarde |
Libben
bewurkje seksjeWylst Sittende Bolle him tusken 1877 en 1881 beskûl hold yn Kanada, kaam er dêr yn 'e kunde mei Kraaiepoat, in opperhaad fan 'e Swartfuotten, in grutte en ynfloedrike konfederaasje fan stammen yn it noarden fan 'e Feriene Steaten en oangrinzgjende dielen fan Kanada, dat erffijannen fan 'e Lakota wiene. Sittende Bolle joech oan dat er graach frede slute soe, en mei't Kraaiepoat sels in grut fredesstifter wie, griep dy dy kâns mei beide hannen oan. Hja smookten tegearre de fredespiip by wize fan it sluten fan in ferdrach, en Sittende Bolle wie sa ûnder de yndruk fan Kraaiepoat dat er syn soan, doe noch mar in foege poppe, nei de man ferneamde.
Yn 1881 wie it jonkje Kraaiepoat by syn heit doe't dy him úteinlik oerjoech oan 'e Amerikanen, yn Fort Buford, yn 'e steat Montana. Neitiid waarden se earst tweintich moannen lang fêstholden yn Fort Randall, deunby it hjoeddeistige Pickstown, oan 'e (súdlike) grins fan Súd-Dakota mei Nebraska. Yn maaie 1883 mochten se har by harren sibben jaan yn it noardliker leine Standing Rock Reservaat. Dêr waard Kraaiepoat op 15 desimber 1890, doe't er in jier as fjirtjin wie, tagelyk mei syn heit deasketten troch in groep reservaatsplysjes, doe't it besykjen om Sittende Bolle te arrestearjen útrûn op in sjitpartij.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |