Kretz is in plak yn 'e DútskedielsteatRynlân-Palts. It plak leit yn 'e Fulkaaneifel. Op it doarpsgebiet steane ferskillende belangrike bedriuwen fan 'e boustofyndustry.
De Marijekapel datearret fan 1867 en ferfong doe in ienfâldige kapel, dy't yn 'e jierren 1680 troch de greven fan Virneburg stifte wie. De hjoeddeiske kapel waard neffens it ûntwerp fan 'e Keulske arsjitekt Vincenz Statz boud.
De Römerbergwerk Meurin toant de eartiidske, ûnderierdske Romeinske myn foar de ôfgraving fan dowestien. Troch de moderne ôfgravingen waard ek de antike stiengroeve frijlein. It plafond fan 'e groeve is der net mear, sadat der net allinne troch de myngongen mar ek oer nije brêgen gien wurde kin om de myn fan boppe ôf te sjen.