Kriegsmarine
De Kriegsmarine (Frysk: Kriichsmarine) wie de marine fan Nazy-Dútslân fan 1935 oant 1945. Hja wie besiden it Heer en de Luftwaffe ien fan de trije dielstriidkrêften fan de Wehrmacht.
Kriegsmarine | ||
Oprjochte | 1 juny 1935 | |
Opheft | 8 maaie 1945 | |
Lân | Nazy-Dútslân | |
Part fan | Wehrmacht | |
Type | Marine | |
Grutte | 810.000 (hichtepunt yn 1944) | |
Haadkertier | Berlyn | |
Kommandant(en) | 1935–1943: Erich Raeder 1943–1945: Karl Dönitz |
De Kriegsmarine wie de opfolger fan de Reichsmarine fan de Weimarrepublyk. Neffens it Ferdrach fan Versailles mocht dy inkeld út in lytse float bestean dy't puer bedoeld wie foar it weitsjen oer de kust. Underseeboaten en oare ferlykbere skepen wienen strang ferbean.
Doe't Adolf Hitler yn 1933 de macht yn hannen krige, waard de Kriegsmarine wer opboud en waard Erich Raeder de nije opperbefelhawwer. Nei syn ûntslach yn 1943 waard Karl Dönitz befelhawwer. De Kriegsmarine groeide yn dizze perioades wer út ta in grutte seemacht.