Kristiaanstsjerke (Kopenhagen)

De Kristiaanstsjerke (Deensk: Christians Kirke) is in lutherske tsjerke yn Christianshavn, in stedsdiel yn de Deenske haadstêd Kopenhagen. De tsjerke waard boud yn rokokostyl troch de ferneamde arsjitekt Nicolai Eigtved tusken 1754 en 1759. Yn it foarste plak is it gebou in plak dêr't it Wurd fan God preke wurdt, mar dêrnjonken wurde der ek foarstellings en konserten jûn.

Kristiaantsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
plak Kopenhagen
adres Strandgade 1
koördinaten 55° 40'N 12° 35'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Deenske Folkstsjerke
bisdom Kopenhagen
Arsjitektuer
arsjitekt Nicolai Eigtved
Georg David Anthon
boujier 1754-1759
boustyl rokoko
Webside
christianskirke.dk
Kaart
Kristiaanstsjerke (Kopenhagen)
Kristiaanstsjerke
 
De 70 meter hege toer

De tsjerke, dy't reekaam yn 1758, waard yn opdracht fan 'e Dútske mienskip boud en tsjinne oant 'e ein fan de 19e iuw as tsjerke fan 'e Dútske minderheid fan Christianshavn. Yn dy tiid waard it gebou Frederiks Deutsche Kirche (Frederiks Tyske Kirke) neamd.

Yn 1901 waard de tsjerke yn gebrûk nommen as in gewoane Deenske parochytsjerke en krige it de hjoeddeiske namme, in ferneaming nei kening Kristiaan VI dy't yn 1611 it distrikt Christianshavn stifte.

De tsjerke is in ûntwerp fan Nicolai Eigtved. De arsjitekt stoar lykwols noch ear't de bou útein set wie yn 1754. Syn skoansoan Georg David Anthon naam neitiid de boulieding oer. It grûnplan fan 'e tsjerke is rjochthoekich en it gebou hat in toer oan 'e noardkant. De toer is 70 meter heech en hie ynearsten gjin spits. Dy waard yn 1769 troch Georg David Anthon tafoege.

It ynterieur is yndield as in echte protestantske preektsjerke. Lâns de noardlike, westlike en eastlike muorren binne oer de hiele hichte galerijen fan trije ferdjippings oanbrocht. Oan de súdlike muorre stiet it alter. Alter, preekstoel en oargel foarmje ien gehiel. Foar it alter oer oan de oare kant fan it skip is boppe de yngong de keninklike lôzje. Lofts fan it alter stiet in doopfont fan Noarsk moarmer. Achter it alter waard de sakristy boud. De tsjerke hat plak foar likernôch 1.000 minsken.

Under it hiele tsjerkeskip rint in grutte krypt. De krypte hat 48 grêfromten en wurdt sûnt de bou oant hjoeddedei noch jimmeroan brûkt.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: