Kristiansund is in stêd en gemeente yn de Noarske provinsje Møre og Romsdal. De gemeente, mei 24.013 ynwenners (2022), bestiet út de stêd Kristiansund en it eilân Frei.

Kristiansund
Kristiansund
Kristiansund
Wapen
Polityk
Lân   Noarwegen
Provinsje Møre og Romsdal
Gemeente Kristiansund
Sifers
Oerflak 87 km2
Ynwennertal 24.013 (2022)
Befolkingstichtens 80 inw./km
Oar
Stifting 29 juny 1742
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Offisjele webside
kristiansund.kommune.no
Kaart
Kristiansund (Noarwegen)
Kristiansund
Net te betiizjen mei Kristiansand, in stêd yn it suden fan Noarwegen.

De stêd Kristiansund leit oan de kust fan Nordmøre en bestiet út meardere eilannen; Kirkelandet , Nordlandet en Innlandet.

It plakje Fosna wie yn 1520 bekend as in strânplakje, en is yn 1631 in wichtige haven. Yn 1742 krige Fosna stedrjochten ûnder de namme Christiansund (nei kening Kristiaan VI fan Denemark) De groei fan de stêd kaam doe mei troch de houteksport, en dêrnei fiskerij. Mar doe't dat net mear út koe, begûnen de ynwenners fisk te keapjen fan Lofaten, en dy waarden op 'e rotsen fan Kristiansund drûge. Sokke fisk, bekend as "klipfisk" (fisk fan de rotsen), waard letter it wichtichste eksportprodukt fan de stêd.

Yn april 1940 krige Kristiansund it swier te ferduorjen, troch Dútske bombardeminten, sa'n 90% fan de stêd waard troch Dútske fleantugen ferwoeste.

Nei in gemeentlike weryndieling kaam it Eilân Frei by de gemeente Kristiansund.

Ynfrastruktuer

bewurkje seksje

De stêd wurdt oandien troch de fearboaten fan de Hurtigruten (in mear as hûndert jier âlde Noarske passazjiers- en transporttsjinst). It fleanfjild Kvernberget hat ynlânske ferbiningen mei Oslo, Bergen, Trondheim, Haugesund en Kristiansand. Sûnt 1992 ferbynt in 5,2 kilometer lange tunnel en twa brêgen Kristiansund mei it fêstelân fia de dyk RV 70. Dêrneist giet der in fearboat nei Trondheim. Tusken de 4 dielen fan de stêd fart, in lytsskalige feartsjinst. Dizze feartsjinst sette op 18 novimber 1867 útein en wurdt beskôge as de âldste transportmiddel fan de wrâld yn ûnôfbrutsen tsjinst.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: