Kristina fan Bolsena
Kristina fan Bolsena, ek bekend ûnder de namme Kristina fan Tyrus, of, yn de Eastersk-otterdoksy, as Kristina de Grutte Martler wurdt fereare as in kristlike martler út de 3e iuw. Argeologyske opgravings yn de 19 iuw fan in ûndergrûnsk begraafplak, dat by har grêf oanlein waard, lieten sjen dat hja al yn de fjirde iuw yn de Italjaanske stêd Bolsena fereare waard.
Kristina fan Bolsena | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 3e iuw | |
berteplak | ûnbekend | |
stjerdatum | 297 | |
stjerplak | Volsinium of Tyrus | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Eastersk-Otterdokse Tsjerke | |
hjeldei | 24 july | |
attributen | Pylken, ûne, molestien, roaster, slangen | |
patroan fan | Bolsena, Palermo en Torcello by Feneesje; bôgesjitters, seelju, mounders |
Libben
bewurkje seksjeOer it bestean fan Kristina is net in soad fêstlein. Neffens guon ferzjes wenne hja yn Tyrus yn Fenysje, wylst oare ferzjes wize nei it Etruskyske Volsinium, in âlde stêd yn sintraal Itaalje tichtby Bolsena. Dêr lizze de katakombes mei de oerbliuwsels fan in iere Kristinatsjerke en in tombe fan in froulike martler. Neffens de ynskripsjes op it plak hie de martler de namme Kristina en waard hja tsin it ein fan de fjirde iuw as in hillige fereare troch de lokale befolking. Oar bewiis fan har bestean wurdt levere troch in 6e-iuwsk mozaïek yn de basilyk Sant'Apollinare Nuovo yn Ravenna, dêr't yn in prosesje fan jongfammen in hillige mei de namme Kristina oan dielnimt, dy't de martlerskroan draacht.
Leginde
bewurkje seksjeKristina ferstoar de martlersdea en hat in oerlevering dy't eins te moai is om dêr histoaryske betrouberens oan te ferlienen. Tsjin it ein fan de 9e iuw waard der in ferslach fan har martlerskip skreaun, dêr't letter farianten út ûnstiene. Yn dy farianten wie Kristina neffens westerske ferhalen yn Perzje en neffens easterske ferhalen yn Tyrus berne yn de 3e of 5e iuw.
Hja stamme út in rike famylje. Al op jonge leeftyd wie Kristina in tige kreas famke en de manlju stiene foar har yn 'e rige om mei har te boaskjen. Mar dêr woene har heit en mem neat fan witte, want dy hiene foar Kristina in takomst as heidenske preesteres yn 'e holle. Dat har heit liet Kristina tegearre mei tsjinstfammen yn in romte opslute. Hja krige in soad sulveren en gouden ôfgodsbylden mei, dêr't hja wijreek foar baarne moast.
Doe barde it ris dat Kristina besite krige fan in ingel. De ingel fertelde har oer it wiere leauwe, neamde har in breid fan Kristus en foarsei har it takomstige martlerskip. In oare fariant wol ha dat ien fan har tsjinsters kristinne wie en dat hja Kristina learde oer de wei fan Kristus. Kristina naam it kristlike leauwe oan, sloech dêrop alle har byldsjes stikken en joech it sulver en goud oan de earme minsken.
Doe't de oare tsjinstfammen oan Kristina's heit fertelden wat hja dien hie waard er poer. Hy liet syn dochter tamtearje en yn de finzenis smite. Hja krige mei de swipe, mar har wûnen waarden wer better. Kristina waard mei in molestien om de nekke yn it wetter smiten, mar ingels hellen har út it wetter en brochten har oan lân. Dêr smiten se Kristina yn in gleone ûne, dêr't hja fiif dagen en nachten oerlibbe. Dêrnei waard Kristina tusken de slangen smiten, mar der barde neat. Op 't lêst waard har de tonge útsnien, mar Kristina ferlear har spraak net. Pas nei de dea fan har heit liet de nije gûverneur har fierder tamtearje en Kristina ferstoar lang om let troch ûnthalzing. Neffens oare ferhalen waard Kristina mei pylken om it libben brocht.
Roomsk-Katolike Tsjerke
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan it Martyrologium Romanum (2004) is koart: "Yn Bolsena yn Toskane, Sint-Kristina, jongfaam en martler". Hja stie iienris op de Calendarium Romanum Generale, mar har namme waard by in revyzje yn 1969 fan de kalinder ferwidere, om't der, útsein har namme en har begraffenis yn Bolsena, neat bekend is oer de jongefaam. Kristina bleau lykwols op de offisjele list fan erkende hilligen stean. Neffens de regels yn it romeinske missaal mei Sint-Kristina oeral op har feestdei betocht wurde, útsein as der op dyselde dei lokaal in ferplichte fiering oan in oare hillige is tawiisd.
Reliken
bewurkje seksjeYn Toffia yn de Italjaanske provinsje Rieti wurde yn in transparante urn reliken fan Kristina bewarre. Ek de stêd Palermo, dêr't Kristina as ien fan de fjouwer beskermhiligen fereare wurdt, hâldt fol dat it har reliken bewarret.
De Easterske tradysje dy't Kristina ferbynt mei Tyrus yn Libanon soe in betizing wêze kinne mei de namme fan in plakje yn de omkriten fan Bolsena.
Oars as ornearre wurdt is Kristina fan Bolsena net de hillige dy't begroeven leit yn de Cathedral of St. John the Evangelist fan Cleveland, Ohio.
Bloedwûnder fan Bolsena
bewurkje seksjeIt "Bloedwûnder fan Bolsena" wurdt ferbûn mei de ferearing fan de hillige Kristina en wie foar paus Urbanus VI oanlieding om de Sakramintsdei yn te stellen as feestdei foar de hiele Tsjerke. It bloedwûnder barde yn 1263 nei't in preester út Praach mei de namme Petrus begûn te twifeljen oer de transsubstansjaasje fan de hosty yn de hillige misse. Om syn twifels wei te nimmen naam er it beslút in pylgertocht nei Rome te meitsjen en wylst Petrus yn de Sint-Kristinabasilyk fan Bolsena yn in eucharistyfiering de wurden fan de konsekraasje spriek, dripte der út de hosty bloed oer syn hannen op it korporale en syn kazuifel.
It korporale wurdt yn dy tsjerke yn de Capella del Corporale toant. Ek tsjintwurdich wurdt op 18 juny yn de strjitten fan Bolsena, op de dei fan it wûnder, in grut blommenfeest fierd.
De Italjaanske skilder Rafael leit it bloedwûnder fêst op syn ferneamde wurk "De misse yn Bolsena" yn it Apostoalysk Paleis yn it Fatikaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Christina of Bolsena
|