Bolsena is in stêd en gemeente yn Itaalje oan de eastlike kant fan de mar fan Bolsena yn de provinsje Viterbo yn de regio Lazio. De stêd leit sa'n 10 km noardeastlike fan Montefiascone en 36 km noardwestlik fan provinsjehaadstêd Viterbo. De antike Via Cassia, tsjintwurdich de strjitwei SR143, rint foar in stik by de kant fan de mar lâns troch Bolsena.

Bolsena

Flagge Wapen
Polityk
Lân Itaalje
regio Lazio
provinsje Viterbo
Sifers
Ynwennertal 3.871 (30.06.2019)
Oerflak 63,57 km²
Befolkingstichtens 60.89 km²
Hichte 350 m. boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside bolsena.vt

Geografy bewurkje seksje

Bolsena leit midden yn it troch fulkanen ûntstien gebiet Monti Volsini oan de mar fan Bolsena. De mar is ûntstien troch it ynstoarten fan in ûnderierdske magmakeamer fan it fulkanekompleks. De fulkaan Vulsinio ûntstie likernôch 600.000 jier lyn en wurke foar de lêste kear yn it jier 103 f. Kr.

 
Sint-Kristinatsjerke

Wûnder fan Bolsena bewurkje seksje

Yn de basilyk fan Bolsena leit de hillige Kristina begroeven. Yn de tsjerke soe yn 1262 in grut wûnder bard wêze. In preester út Praach droech yn dat jier de misse yn de tsjerke op. De preester twifele oer de transsubstansjaasje en makke, om syn leauwe sterker te meitsjen, in pylgerreis nei Rome. Doe't de preester mei de konsekraasje de hosty briek, begûn út de hosty bloed te drippen. Paus Urbanus IV foege in jier letter op de kalinder fan feestdagen yn Orvieto de Sakramintsdei ta as algemiene feestdei foar de hiele Roomsk-Katolike Tsjerke. Yn Orvieto waard letter de domtsjerke boud, dêr't it korporale, dêr't it bloed op dripte, bewarre wurdt as relikwy.

Feest fan Sint-Kristina bewurkje seksje

In grut barren yn de stêd is it feest fan de patroanhillige fan de stêd, Sint-Kristina. Alle jierren op 24 july wurde op ferskate pleinen sênes út it libben fan de hillige opfierd. Utsein dat hja ea libbe hat en dat har grêf fûn is mei in ynskripsje dat hja al sûnt de 4e iuw fereare wurdt yn de stêd, is oer de libbensskiednis fan de hillige lykwols sa goed as neat mei wissichheid bekend.

Yn Bolsena wurdt de Sakramintsdei mei in prosesje en blommetapiten fan religieuze en oare foarstellings yn de strjitte fierd.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Bolsena