Orvieto
Orvieto is in stêd mei yn it súdwesten fan Umbrje yn 'e provinsje Terni yn Itaalje.
Orvieto | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Itaalje | |
regio | Umbrje | |
provinsje | Terni | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 19.307 30.04.2023 | |
Oerflak | 281,27 | |
Hichte | 325 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 05018 | |
Koördinaten | 42° 43' N 12° 6' E | |
Offisjele webside | ||
orvieto.tr.it | ||
Kaart | ||
Geografy
bewurkje seksjeDe histoaryske binnenstêd leit op in rots fan tufstien. De rots bestiet út in doalhôf fan kelders, gongen en ûnbidige sisternes, wêrfan't in lyts diel iepene is foar publyk.
Skiednis
bewurkje seksjeMooglik wie Orvieto (Urbs Vetus, "âlde stêd") de midsiuwske namme fan 'e Etruskyske stêd Velzna, ien fan 'e haadstêden fan it etruskyske tolvestêdebûn. Dêr binne lykwols gjin bewizen fan. Velzna waard nei de slaveopstân yn 264 f. Kr. troch konsul Marcus Fulvius Flaccus oermastere. De Romeinen twongen de lêste bewenners nei in plak te ferhûzjen dat lestich te fersterkjen wie, Volsinii Novi oan 'e Mar fan Bolsena, it hjoeddeiske Bolsena.
Paus Klemens VII waard yn 1527 te flechtsjen nei Orvieto, nei't Rome troch in ûngeregeld leger fan Dútsers en Spanjaarden plondere waard. Sûnt dy tiid wie Orvieto de residinsje fan in tal pausen.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich lei by Orvieto in militêr fleanfjild, dêr't de ingenieur Pier Luigi Nervi in foar dy tiid tige revolusjonêr ûntwerp fan in hangaar boude. De hangaar waard yn 'e kriich ferneatige. De stêd sels waard yn ' kriich net ferneatige, om't de Dútsers de stêd as in iepen stêd oan 'e alliearde striidkrêften oerdroegen.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeDe stêd besit in grut tal palazzi út de midsiuwen en de renêssânse, lykas bygelyks it Palazzo del Capitano oan it Piazza del Popolo. Oan 'e foet fan 'e rots leit de etruskyske Necropoli del Crocifisso del Tufo, dy't syn grutste omfang yn 'e 6e iuw f. Kr. krige.
Tsjerken
bewurkje seksje- De Domtsjerke fan Orvieto is de katedraal fan it bisdom Orvieto-Todi.
- Chiesa di San Giovenale, de âldste tsjerke fan Orvieto (1004).
- Chiesa di Sant’Andrea, boud boppe de resten fan in heidenske timpel en in ierkristlik hillichdom.
- Chiesa di San Domenico mei it mausoleum fan kardinaal Guillaume de Bray(e) fan Arnolfo di Cambio.
- Chiesa di San Ludovico.
- Chiesa di San Francesco, 13e iuw.
- Abbazia di San Severo e Martirio, romaansk kleaster.
Pozzo di San Patrizio
bewurkje seksjePaus Klemens VII moast fanwegen de belegering fan Rome nei Orvieto flechtsje. Om in belegering fan Orvieto troch te stean joech er oan Antonio da Sangallo de Jongere de opdracht in wetterfoarsjenning yn 'e stêd te bouwen. De gongen fan en nei de wetterboarne besteane út twa slingertreppen. Troch't de slingertreppen yn 'e foarm fan in dûbele heliks oanlein binne, kruse de paden inoar nea. Sa koene de wetterdragers wetter helje en bringe sûnder inoar tsjin te kommen. Al fuort nei de foltôging yn 1537 wie it in tige bysûnder bouwurk en in attraksje foar boukundigen.
De namme fan 'e boarne ferwiist nei Sint-Patrick. Neffens in leginde liet Kristus de Ierske biskop in grot sjen, dy't de tagong ta it fagefjoer foarme om sa de misjonaris fan it bestean fan 'e hellepine te oertsjûgjen.
Musea
bewurkje seksje- Museo dell' Opera del Duomo, Domplein
- Musei Archeologici Civico e Faina (samling fan Etruskyske fynsten)
- Museo d’Arte Moderna Emilio Greco
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Orvieto
|