Domtsjerke fan Orvieto

De Domtsjerke fan Orvieto (Italjaansk: Duomo di Orvieto) of de Marije-Himelfeartkatedraal (Cattedrale di Santa Maria Assunta) is ien fan 'e grutste goatyske tsjerken fan Itaalje. De bou fan 'e katedraal duorre likernôch 300 jier en sette yn ± 1290 útein nei oanlieding fan it mirakel fan Bolsena. De katedraal krige yn 1889 de status fan basilica minor.

Dom fan Orvieto

Duomo di Orvieto

Lokaasje
lân Itaalje
regio Umbrje
provinsje Terni
plak Orvieto
koördinaten 42° 43' N 12° 6' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Orvieto-Todi
patroanhillige Marije-Himelfeart
Arsjitektuer
boujier 1288-1588
boustyl romanogotyk
Webside
opsm.it
Kaart
Domtsjerke fan Orvieto (Itaalje)
Domtsjerke fan Orvieto

Skiednis en arsjitektuer

bewurkje seksje

Paus Urbanus IV joech yn 1290 opdracht ta de bou nei't earder in bloedwûnder yn Bolsena foar grutte opskuor soarge hie. Dêr hie yn 1262 by de misse op it stuit fan 'e konsekraasje bloed út de brutsen hosty oer de hannen fan 'e preester dript op it alter. En om dat te betinken begûn Arnolfo di Cambio (1240–1302) mooglik al yn 1288 mei de bou fan it monumint. Wat letter soe deselde arsjitekt ek de dom en it Palazzo Vecchio fan Florâns bouwe.

De goatyske gevel fan 'e katedraal is ien fan 'e hichtepunten fan boukeunst fan 'e lette midsiuwen. De gevel wurdt taskreaun oan Lorenzo Maitani (1275-1330), dy't him sûnder mis beynfloedzje litten hat troch de bouskema's fan 'e gevels yn 'e Toskaanske gotyk fan 'e katedraal fan Siena (Giovanni Pisano (1287–1297)} en it ûntwurp foar de domstjerke fan Florâns. De gevel is dekorearre mei mozaïken út benammen it libben fan 'e jongfaam Marije en reliëfs mei bibelske foarstelings.

 
Roasfinster.

It sintrale roasfinster fan 'e arsjitekt Andrea di Cione di Arcangelo (± 1308-1368) wurdt omfieme mei bylden fan 'e tolve apostels en dêrûnder oan wjerskanten fan it roasfinster yn pearkes Aldtestamintyske profeten. Yn 'e midden fan it maaswurk fan it roasfinster is it antlit fan Kristus oanbrocht.

De lêste tafoegings oan 'e gevel binne de trije, mei foarstellings út it libben fan Kristus, fersierde brûnzen doarren. Hja binne makke yn 1970 troch de Sisyljaanske byldhouwer Emilio Grevo (1913-1995). It byld boppe it haadportaal fan in sittende Madonna mei Bern waard yn 1347 makke troch Andrea Pisano.

De sydmuorren fan 'e katedraal binne folle ienfâldiger útfierd en boud fan wikseljende lagen fan lokale wite travertyn en blaugrize basaltstien.

 
Ynterieur.

Ek de muorren fan it ynterieur hawwe wikseljende lagen fan travertyn en basalt, mar dan oant in hichte fan likernôch 1.5 meter. De lagen dêrboppe binne tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw skildere yn swarte en wite strepen.

 
Doopfont.

By de yngong stiet it grutte moarmeren doopfont mei dragende liuwen en friezen mei ryk fersierde reliëfs. Luca di Giovanni sette yn 1390 útein mei it meitsjen fan it doopfont en it waard letter grutter makke troch Pietro di Giovanni út Freiburg, dy't it reade moarmeren bekken tafoege, en Sano di Matteo, dy't de achthoekige pyramide yn 1407 tafoege. It goatyske fresko fan in troanende Madonna mei Bern dat delsjocht op it doopfont stamt út 1425 fan Gentile da Fabriano. It is it iennige fresko dat bewarre bleau, doe't yn 'e 16e iuw yn 'e sydkippen nije alters boud waarden. By it ferwiderjen fan dy alters yn 'e 19e iuw waarden allinne fragminten fan 'e 14e- en 15e-iuwske fresko's werom fûn.

It grutte raam yn 'e apsis hat glês út 1328 en 1334 fan 'e glesker Giovanni di Bonino út Assisi. Boppe it alter hinget in grut krúsbyl, dat ta taskreaun wurdt oan Lorenzo Maitani. Oarspronklik stiene de koerbanken út 1329 sintraal yn it tsjerkeskip, mar letter ferhûzen de banken nei de apsis. Efter it alter oerdekke skeinde en swier restaurearre fresko's út 1370 de trije muorren hielendal.

Cappella del Corporale

bewurkje seksje

De Kapel fan 'e Korporale (Capella del Corporale) waard boud foar it wichtich relyk fan it bloedwûnder, dat oanlieding joech ta de bou fan 'e dom. It bloed dat út de hosty dripte beflekte ek de korporale en foar dat beblette doekje waard tusken 1350 en 1356 de kapel boud. Op Sakramintsdei wurdt it relikwarium yn in prosesje út de kapel droegen troch de strjitten van Orvieto. Fresko's oer de eugaristy en bloedwûnders fersiere de kapel, dy't tusken 1357 en 1363 troch lokale keunsters oanbrocht waarden. Yn in nis fan de rjochter muorre stiet it ferneamde byzantynske paneel Madonna dei Raccomandati (± 1320) fan Lippo Memmi.

Tsjintwurdich is it net mear sa bekend by de minsken dy't in besite bringe oan de domtsjerke, mar yn de kapel leit ek it grêf fan boargemaster Pietro Parenzo. Noch foar de tiid fan it bloedwûnder yn Bolsena kamen tûzenen pylgers nei Orvieto om by it grêf fan Pietro Parenzo te bidden. De boargemaster hie fan Innosintius III opdracht krige om de oarde yn 'e stêd te werstellen en hy wie dêr sa súksesfol yn, dat ketters him yn 1199 fermoarden. Nei't guon seine dat se by it grêf fan 'e fermoarde boargemaster foarspraak frege èn krige hiene, brocht dat hiele folksmassa's op 'e fuotten foar in pylgertocht nei Orvieto. Tal fan wûnders waarden fêstlein en Parenzo waard troch it folk as hillige fereare. De Roomsk-Katolike Tsjerke ferklearre de boargemaster lykwols al dy tiid net hillich, oant op fersyk fan 'e biskop fan Orvieto syn ferearing erkend waard troch Leo XIII op 16 maart 1879.

Nei de bou fan 'e nije katedraal waard it omskot fan 'e boargemaster dêrhinne oerbrocht. De reliken fan 'e boargemaster wurde yn 'e relykhâlder efter in ovaal finster yn it alter bewarre.

Cappella di Madonna di San Brizio

bewurkje seksje
 
Profeten fan Fra Angelico.
 
Piëta yn de Cappella San Brizio.

De Kapel fan 'e Madonna fan San Brizio waard tusken 1408 en 1444 boud en is hast gelikens oan 'e Kapel fan 'e Korporale. De kapel slút foar in diel de rjochter earm fan it transept ôf en waard ynearsten de Cappella Nuovo (Nije Kapel) neamd. Fra Angelico en Benozzo Gozzoli begûnen mei it beskilderjen fan 'e kapel yn 1447. Ze skilderden twa dielen: Majestas Domini en Ingels en Profeten. Hja kamen net fierder om't paus Nikolaas V de twa skilders nei it Fatikaan rôp om dêr de Niccoline-kapel te beskilderjen. In heale iuw letter pakte Luca Signorelli it wurk wer op, dy't mei syn skoalle fan 1500 oant 1503 wurke oan in rige fresko's fan 'e Apokalyps en it Jongste Gerjocht.

Yn in nis yn in leger diel fan 'e muorre is in fresko fan in piëta oanbrocht. Njonken de deade Kristus, Marije Magdalena en de Jongfaam Marije stean ek twa hilligen fan Orvieto: Pietro Parenzo en Faustino. Neffens de histoarikus Giorgio Vasari (1511–1574) stie foar de deade Kristus Signorelli's soan Antonio model, dy't yn 'e tiid dat de fresko's skildere waarden ferstoar oan 'e pest.

It earste oargel fan 'e domtsjerke waard yn 1588 foltôge. It hjoeddeiske ynstrumint datearret fan 1974 en waard troch Libero Rino Pinchi boud. It hat 72 registers op trije manualen en pedaal.

Palazzo dei Papi

bewurkje seksje

It pauslik paleis rjocht fan 'e domsjerke waard sûnt healwei de 13e iuw boud, doe't de pausen nei Orvieto ferhûzen om in konflikt yn Rome tefoarren te kommen. Paus Urbanus IV en paus Martinus IV wennen alletwa yn 'e stêd en holden nei alle gedachten tafersoch op 'e bou. Paus Bonifatius VIII liet it gebou útwreidzje, mar it wurk waard net dien makke om 't de pausen yn 1309 ferhûzen nei Avignon. It bleau in pauslike residinsje oant 1550, doe't it gebou oerdroegen waard oan 'e katedraal. Yn 1896 krige it de funksje fan museum, dat it ek no noch is.

Yn it museum binne njonken orizjineel byldhouwurk ek skilderijen, relikwaria en de oarspronklike tekenings fan 'e dom te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Orvieto Cathedral