Kristine Kujath Thorp

Kristine Kujath Thorp (Oslo, Noarwegen, 23 april 1992) is in Noarske aktrise.

Kristine Kujath Thorp
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kristine Kujath Thorp
nasjonaliteit Noarsk
berne 23 april 1992
berteplak Oslo
jierren aktyf 2017-no
offisjele webside
Kristine Kujath Thorp yn 'e IMDb

Hja studearre ôf as produksjeûntwerper oan de Danske Designskole yn Kopenhagen en fêstige har dêrnei yn Denemark. Hja begûn te wurkjen as produksjeûntwerper foar film en telefyzje, mar spile ynearsten allinnich lytse rollen. Har earste haadrol wie yn de koarte film Fanny út 2017, dy't foar de Amandapriis 2017 nominearre waard. Hja spilet sûnt 2020 yn de Deenske telefyzjesearje Noget om Emma en yn 2021 spile se yn de Noarske film Ninjababy. Foar dy film wûn se yn 2021 de Amandapriis yn de kategory Bêste Aktrise.

Fierders hat se grutte rollen hân yn de films Den største forbrytelsen (De grutste misdie) út 2020, de rampefilm Nordsjøen (Noardsee) út 2021, en Syk pike (Sike faam) út 2022. Foar dy lêste film waard se útroppen ta bêste aktrise foar de Noarske Filmkritykpriis 2023 en op it Dublin International Film Festival 2023. Hja waard nominearre foar de Amandapriis yn de kategory Bêste Aktrise foar Nordsjøen allyk foar Syk pike.

Boekútjeften

bewurkje seksje
  • 2020: Hjelp småkrypene; hja hat dat boek ek sels yllustrearre.
  • 2017: Lovers
  • 2020: En rapport om festen og gæsterne
  • 2020: Den største forbrytelsen
  • 2021: Ninjababy
  • 2021: Nordsjøen
  • 2022: Syk pike

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part in oersetting fan de Noarske wikipedyside, sjoch foar boarnen en oare literatuer op dizze side.