Kristus-Keningkatedraal fan Mullingar

De Katedraal fan Kristus Kening (Iersk: Ardeaglais Chríost an Rí, Ingelsk: Christ the King Cathedral) is in roomsk-katolike katedraal yn 'e Ierske stêd Mullingar. De katedraal stiet tichteby it sintrum fan 'e stêd. It is de biskopstsjerke fan it roomske bisdom Meath.

Kristus Keningkatedraal

Ardeaglais Chríost an Rí Christ the King Cathedral

Lokaasje
lân Ierlân
plak Mullingar
koördinaten 53° 31' N 7° 20' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Meath
patroanhillige Kristus Kening
Arsjitektuer
arsjitekt W.H. Byrne & Sons
boujier 1933-1936
boustyl neorenêssânse
Webside
www.mullingarparish
Kaart
Kristus-Keningkatedraal fan Mullingar (Ierlân)
Kristus-Keningkatedraal fan Mullingar

It plan om in nije katedraal te bouwen om de âlde Untfinzeniskatedraal (1836-1936) te ferfangen sette útein yn 1920. William Byrne & Sons út Dublin ûntwurpen de katedraal as in basilyk yn 'e styl fan 'e renêssânse. De karakteristike twillingtuorren bekroand mei brûnzen krusen binne likernôch 55 meter heech. Yn 'e tsjerke passe sa'n 5.000 leauwenden.

De earste stien foar de tsjerke waard op 6 augustus 1933 lein troch biskop Thomas Mulvany. De offisjele iepening fan 'e nije katedraal fûn plak op 6 septimber 1936. Op fersyk fan paus Pius XI waard it de earste katedraal fan 'e wrâld, dy't wijd waard oan Kristus Kening. De plechtige konsekraasje wie op 13 augustus 1939. De kosten fan 'e bou en it ynterieur bedroegen £ 275,000.

 
Ynterieur.

De katedraal is benammen bekend om de moazaïken yn 'e Sint-Anna- en Sint-Patrickkapel. It is it wurk fan 'e fan komôf Russyske keunstner Boris Anrep. Syn wurk is ek te sjen yn 'e Westminster-katedraal.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]