Lieuwenburgseam

(Trochferwiisd fan Kroanenbergerpark)

De Lieuwenburgseam (Lieuwenburgzoom) is in stedspark midden yn de wyk Kammingabuorren yn de stêd Ljouwert. It park leit tusken in tal basisskoallen oan de Idzerdastins en de sintrale fiskfiver.

Porta Futura

De wyk Kammingabuorren ûntstie yn de 1980-er jierren as griene nijbouwyk oan de eastkant fan Ljouwert. It is in wyk mei in soad jonge hûshâldings út ferskate lagen fan de maatskippij. It park ûntstie as sintraal belibbenssintrum fan de wyk en ferbyn jong en âld meiïnoar. Sa binne der feskate boartersfjilden, in klimheuvel, mei earder in útsjochtoer, klimark ensafuorthinne.

Yn 2018 waard it park fannijs ynrjochte mei in fuotbalfjild, kuorbalfjild, in half pipe foar skaters. De skoallen meitsje op boartersdagen ek gebrûk fan it park.

Ek binne der keunstwurken, sa as bygelyks de Porta Futura, ynspirearre op in âld amfiteater, dy't oan it wetter ûnder oan de boartersklimheuvel stiet.

It park waard oant oktober 2023 offisjeus Kroanenbergerpark (Kronenbergerpark) neamd.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Parken yn de stêd Ljouwert
AbbingaparkDr. ZamenhofparkEasterfiverparkJulianaparkLieuwenburgseamNoarderplantaazjePrinsetúnRengersparkWesterpark