Kwinten (hillige)
Kwinten (ek: Quintinus) wie in 3e-iuwske kristlike martler. Oer syn libben is net in soad bekend. Hy fûn de martlersdea yn it Frânske Saint-Quentin, werfan't er de stedspatroan is. Syn feestdei is op 31 oktober.
Kwinten (ek: Quintinus) | ||
hillige | ||
Byld fan Sint-Kwinten yn de Sint-Quintinuskerk fan Hees (Belgje) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | ûnbekend | |
berteplak | Rome ? | |
stjerdatum | ± 285 | |
stjerplak | Saint-Quentin | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 31 oktober | |
patroan fan | û.o. Saint-Quentin (F), Hasselt (B) |
Vita
bewurkje seksjeDe âldste skriftlike boarne út de 7e iuw is histoarysk net botte betrouber; yn de rin fan de tiid is dy withoefaak bewurke. Kwinten wie in romein, dy't om 245 nei Galje teach en fral yn de omkriten fan Amiens tegearre mei Lusianus fan Beauvais it evangeelje brocht. Hy waard oppakt en yn Vermand tamtearre, mar Kwinten wegere syn leauwe ôf te swarren en sadwaande naam de romeinske prefekt Rictiovarus it beslút om him nei Reims te bringen, de haadstêd fan Gallia Belgica, om him dêr foar it rjocht te bringen. Underweis by Augusta Viromanduorum (it lettere Saint-Quentin) wist Kwinten op in mirakuleuze wize út te piken en begûn fuort wer te preekjen. Kwinten waard lykwols op 'e nij oppakt en Rictiovarus liet him nochris tamtearje en om der fuort in ein oan te meitsjen dêrnei ûnthalzje. Neffens lettere oerleverings hiene se him mei spikers stutsen, him pek oer de lea getten en it lichem neitiid yn de sompen fan de Somme smiten.
De bline romeinske Eusebia soe de resten fan Kwinten fûn ha en foar him in kapel boud ha, dy't yn de 5e iuw fergrutte waard. Tsjintwurdich stiet op it plak de Saint-Quintin-basilyk yn it nei de hillige ferneamde Saint-Quintin.
Ferearing
bewurkje seksjeTanksij Gregoarius fan Tours († 594) bestie der sûnt de 6e iuw in grutte ferearing fan de hillige, dy't him yn de midsiuwen útwreide nei hiel Frankryk, Belgje en it wêst fan Dútslân. Yn it jier 641 fûn biskop Eligius fan Noyon syn reliken, dy't foar de hillige in grêfmonumint oprjochtsje liet.
Yn de tiid fan de ynfallen fan de Wytsings waarden syn bonken nei Laon brocht. Fral yn Frankryk binne tsientallen plakken en in soad tsjerken nei de hillige ferneamd. Kwinten is patroanhillige fan lêstdragers, kaaimakkers, dokters, kapelanen en wurdt oanroppen tsjin hoastjen, kinkhoast, in dripnoas en wettersucht.
Ikonografy
bewurkje seksjeFan Kwinten binne sûnt de midsiuwen in soad foarstellings fan syn martlerskip bekend. Hy wurdt fakentiden ôf- en útbylde oan in houten raamwurk mei spikers yn syn lichem.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Quintinus (Heiliger)
|