Kysia Hekster
Kysia Hekster (Leien, 22 novimber 1971) is in Nederlânsk sjoernaliste en ferslachjouster, dy't benammen bekend wurden is as Ruslân-korrespondinte foar it NOS Sjoernaal. Tsjintwurdich is se de keningshûsferslachjouster fan 'e NOS.
Kysia Hekster | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Kysia Hekster as foarsitter LSVB by in demonstraasje tsjin it besunigjen op ûnderwiis, De Haach 5 novimber 1994 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 22 novimber 1971 | |
berteplak | Leien (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | sjoernaliste, ferslachjouster | |
medium | tillefyzje, radio | |
wurksum by | IKON, NOS | |
bekend fan | NOS Sjoernaal | |
jierren aktyf | 1997 – no | |
offisjele webside | ||
Kysia Hekster op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeHekster waard yn 1971 berne yn Leien. Hja is in suster fan Olivier Hekster, dy't heechlearaar âlde skiednis is. Hekster trochrûn de middelbere skoalle oan it Stedsk Gymnasium Nimwegen, wêrnei't se fan 1990 oant 1996 maatskippijskiednis studearre oan 'e Erasmus Universiteit te Rotterdam. Yn dy jierren kaam se foar it earst yn 'e bekendheid yn har hoedanichheid fan foarsitter fan it Lanlik Studinte Fakbûn, in funksje dy't se fan 1994 oant 1995 beklaaide.
Nei it beëinigjen fan har stúdzje wurke Hekster fan 1997 oant 1999 foar de IKON-radio, wêrnei't se fan 1999 oant 2005 bûtenlânredakteur en ferslachjouster wie by it Radio 1 Sjoernaal. Oanslutend wie se plakferfangend sjef bûtenlân by de nijsredaksje fan 'e NOS, oant se yn 2008 Peter d'Hamecourt opfolge as korrespondinte yn 'e Russyske haadstêd Moskou. Hekster brocht dêr fjouwer jier troch foar't se yn 2012 nei Nederlân weromkearde en oer har Russyske tiid it boek De Poetin Show publisearre. Oan 'e ein fan 'e simmer fan 2012 folge se Marieke de Vries op as keningshûsferslachjouster foar de NOS, in funksje dy't se mids 2015 noch altyd útoefenet.
Wurk
bewurkje seksje- 2012 – De Poetin Show
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side. |