Lân fan Oz
It Lân fan Oz is it lân optocht troch L. Frank Baum, yn 1900. It earste boek wat er oer it lân skreau, wie De tsjoender fan Oz (The Wonderful Wizard of Oz). Baum hat alles byelkoar it ferhaal fierder útwurke ta byelkoar fjirtjin boeken. It lân is lykwols ek it lân dêr't de boeken fan guon oare skriuwers harren ôfspylje. Soms is dat mei de idee om krekt wat oars te meitsjen as Baum syn ferhaal; soms binne it fierdere ferhalen dy't nau oan Baum syn Oz besibbe binne.
Oz | |
---|---|
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
lokaasje en geografy | |
polityk | |
steatshaad | prinses Ozma fan Oz |
offisjele taal | Ingelsk |
Folksliet | The Oz Spangled Banner |
sifers | |
ynwennertal | 500.000 |
- Dizze side giet oer it fiktive lân Oz. Foar oare betsjuttings, sjoch: Oz (betsjuttingsside).
Ferhaal
bewurkje seksjeTink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Yn it earste ferhaal komt Dora yn in oar lân, troch in stoarm dy har earne hinne meinaam hat. Yn dat lân libje heksen en in tsjoender, en alderhande oare bysûndere wêzens.
Njonken Dora, dy't yn it earste boek fansels werom wol nei hûs ta, binnen de wichtichste rollen yn dat boek fral foar har meireizigers. Sa moetet hja Fûgelskrik; Fûgelskrik hat gjin harses. Hja geane tegearre ûnderweis. Dan moetsje hja Blikjeman; Blikjeman had gjin hert. Trijresom geane hja ûnderweis. Sa moetsje hja de Leffe liuw; de Leffe liuw hat gjin moed. Meiïnoar geane hja ûnderweis.
Krekt as Dora, wolle hja allegear in perbleem oplost hawwe; it is dêrom dat hja ûnderweis binne nei de tsjoender fan Oz. De tsjoender fan Oz is sa grut en machtich, dat er al harren perblemen oplosse kin, miene hja.
Ferzjes
bewurkje seksjeFerzjes fan it earste ferhaal binne gauris as toanielstik opfierd. Ek hawwe der films oer Oz west. Dat binne lykwols ferhalen op harsels, om't it skynber dreech wie om it ferhaal mei alle wêzens fan Oz krekt sa op it toaniel te krijen as it yn it boek wie. Ek binne der, yn boeken fan oaren, saken by optocht dy't net fan Baum sels wienen. Lykwols binne guon opfinings dan yn lettere boeken wer tafoegd oan Baum syn ferhalen. Alles byelkoar is der in wrâld ûntstien dêr't de ideeën alle kearen krekt wat oars binne, mar dêr't it alhiel al in dúdlik Oz-eftich oansjen hat.