Lânboukoöperaasje
In lânboukooöperaasje is in gearwurking fan lân- en túnbouwers om harren bedriuwsbelangen te befoarderjen. De lânboukoöperasje wie yn Fryslân sterk ûntwikkele. Fan de ± 300 Lânboukoöperaasjes yn Nederlân wienen der begjin jierren fyftich sa'n 250 yn Fryslân.
Yn de jierren '80 fan de 19e iuw kaam ûnder druk fan de omstannichheden in stribjen nei koöperaasje op, it earst yn de suvel. Benammen neidat de steatskommisje yn 1886 wiisd hie op it gebrek oan gearwurking en organisaasje seagen in soad boeren it belang fan in koöperaasje yn.
Noch yn 1886 rjochte in tal boeren yn Wergea de earste koöperative molkfabryk op en al gau folgen oaren, letter feriene yn it Bûn fan Koöperative Molkfabriken yn Fryslân. Yn de molksektor ûntstienen bûten de pleatslike molkfabriken in tal spesjalisearre saneamde topkoöperaasjes, nammentlik de Fryske Koöperative Suvel/Eksport Feriening (Frico), it Koöperative Kondensfabryk Fryslân, de Koöperative Suvelbank en it Koöperative Stremsel en Kleurselfabryk.
Ek foar de foarsjenning fan Lânbourêding blykte de koöperaasjefoarm nuttich. Ut de pleatslike lytse bestelferienings ûntwikkelen har de oankeapferienings. De omstannichheden wienen net altyd lyk. Yn de molkesektor drigen de boeren fan it bedjersume karakter fan molke ôfhinklik fan de fabrikant te reitsjen. By de oankeap fan bedriuwsmaterialen wie de monopoaljefoarming fan de keunstdongymporteurs it gefaar. De ôfhinklikheid fan de kredytferliening late ta de oprjochting fan koöperative boerelienbanken. De winsten fan partikuliere fleisfabrikanten late ta de oprjochting fan de Koöperative Feeôfsetferiening (FCE). Ek it stribjen nei kwaliteitsferbettering wie faak reden om in koöperaasje op te rjochtsjen lykas de Fryske Koöperative Hannelsferiening foar sieddelsie en poatguod (ZPC) en de Noard-Nederlânske Koöperative Aaihannel (NNC). Ek de Nederlânske Wolfederaasje (ôfdieling Fryslân) foar de ôfset fan wol en de feilingen foar de ôfset fan griente en fruit.
It ferlet fan it sintralisearre fieren fan in bedriuwsboekhâlding en oare saken late ta de oprjochting fan de Koöperative Sintrale Lânbouboekhâlding. Troch de tanimmende meganisaasje yn de lânbou ûntstienen masinekoöperaasjes. Nije foermetoades soargen foar oprjochting fan koöperative gersdrûgerijen en de ûntwikkeling fan keunstmjittige ynseminaasje ta koöperative k.y.-ferienings. Ek op it mêd fan fersekeringen blykte de koöperaasje in gaadlike bedriuwsfoarm.
It Underlinge Boerefersekeringsfûns ûntstie neidat der al foar it personiel fan de Lânboukoöperaasjes it Koöperative Fersekeringsfûns komd wie. Ta de koöperaasje kine ek de ûnderlinge maatskippijen rekkene wurde dy't boeren fersekerje tsjin brân stoarmskea en feesykten. (sjoch Underling fersekeringswêzen). De Lânboukoöperaasjes wurkje gear yn it Ynstitút foar Lânboukoöperaasje yn Fryslân en it Lânbou en Koöperaasjesintrum "It Oranjewâld".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|