Keunstmjittige ynseminaasje

Keunstmjittige ynseminaasje (KY) is in technyk om ta in befruchting te kommen as de befruchting net troch de geslachtsmienskip ta stân komt. It wurd ynseminaasje ferwiist nei it wurd semen, dat sied betsjut. By keunstmjittige ynseminaasje wurdt der sperma yn de liifmoer of liifmoerhals brocht.

As it in (echt)pear net slagget om op de 'natuerlike manier' swier te wurden, kin der in fruchtberheidsbehanneling starten wurde. Is it sperma fan de man fan reedlik oant goede kwaliteit, dan is Yntra-Uterine Ynseminaasje (YUY) meastal de earste stap (Keunstmjittige Ynseminaasje Eigen semen, meastal ôfkoarte ta KIE). Mei LH urine-testen of troch echoskopy wurdt it momint fan de aaisprong (ovulaasje) detektearre. Op de dei fan de ferwachte ovulaasje wurdt mei in ynjeksjespuitsje en in spesjale kateter it opwurke sperma (sperma wêrby't it siefocht weihelle is) yn de liifmoerholte of liifmoermûlekanaal brocht. As der hielendal gjin libbene siedsellen yn it sperma fan de man sitte of as de frou swanger wurde wol mar gjin manlike partner hat, kin sperma fan in sieddonor brûkt wurde (Keunstmjittige Ynseminaasje Donorsperma, meastal ôfkoarte as KID). Yn dit lêste gefal hoeft de sperma fan de donor net opwurke te wurden. In handich helpmiddel hjirby is in saneamd ynseminaasjekupke dat partikulier brûkt wurde mei, mar rieplachtsjen fan in arts foarôf wurdt altiten advisearre.

Liedt dit nei in oantal pogingen net ta in swangerskip, dan wurdt meast besluten ta in reageerbuisbefruchting ofwol yn-fitrofertilisaasje (IVF) mei of sûnder Yntrasytoplasmatyske sperma-ynjeksje (ICSI).

Yn 2005 is in organisaasje oprjochte dy't opkomt foar de belangen fan persoanen ferwekt troch KID mei in anonime donor, Stichting Donorbern.

 

Foar it fokken fan kij en bargen yn de fleis- en molkyndustry wordt hast allinnich mar mei keunstmjittige ynseminaasje wurke. Net folle bedriuwen hâlde sels manlike bisten. Spesjale bedriuwen binne rjochte op it hâlden fan bollen en bearen mei tige goede kwaliteiten; dizze bedriuwen soargje dan foar de keunstmjittige ynseminaasje by in soad pleatsen. Ek yn de hynstefokkerij, plomfeefokkerij en bijehâlderij wurdt keunstmjittige ynseminaasje faak tapast.

  • Foardielen fan keunstmjittige ynseminaasje binne ûnder mear, dat de kâns op oerdracht fan seksueel oerdraachbere sykten fermindere wurdt, dat men it sperma fan goede fokbisten boppedat fertinje kin (en hjirtroch mear froulike bisten befruchtsje kin) en dat der gjin geografyske belemmeringen mear binne oam oan it sperma fan in goed fokbist te kommen. Boppedat kin sperma ynferzen wurde sadat sels nei it ferstjerren fan it bist noch sperma beskikber bliuwt.
  • Neidielen binne it fermingen fan de genetyske basis fan in ras (tink mar oan it geregeldwei ynkrusen mei Holstein-Frisian yn it swartbûnt koweras). Sa fermindert it ferskaat, en ûntsteane der genetyske sykten. In foarbyld is bovine leukocyte adhesion deficiency (BLAD) dat feroarsake waard troch in genmutaasje yn it DNA fan in súksesfolle fokbolle.

It wie yn Nederlân doktor Jan Siebenga dy't de earste pioniersarbeid ferrjochte foar de KY by kij. Fanút syn praktyk yn Aldeberkeap waarden de earste kij keunstmjittich befruchte en it earste KY-keal waard op 5 desimber 1935 by Jan Werner te Elslo berne. Dizze resultaten krigen ynternasjonaal safolle belangstelling, dat der al gau fan ferskate universiteiten út Amearika, Ingelân en Itaalje professors nei `Doctor Jan` kamen om de technyk fan de KY-master te wurden. Hjirtroch waard hy in soad frege sprekker op ynternasjonale forums en waard syn wurk en ûnderfining heech wurdearre.

Keppeling om utens

bewurkje seksje