Jan Siebenga (Soarremoarre, 7 juny 1903 - 21 augustus 1987) waard berne yn de omkriten fan Akkrum as boeresoan, nei de legere skoalle en de HBS studearre hy oan de Fakulteit fan de Diergenêskunde yn Utert. Yn 1928 begûn er as selsstannich feearts yn Aldeberkeap, letter yn Gramsbergen.

Jan Siebenga
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Siebenga
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 7 juny 1903
berteplak Soarremoarre
stoarn 21 augustus 1987
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Feearts
reden
  bekendheid
keunstmjittige ynseminaasje by kij

KY in primeur yn de Nederlânske Feefokkerij

bewurkje seksje

Trochdat de Dútske folontêr Wilhelm Blendinger yn 1934 in pear moanne staazje rûn by Siebenga, waard hy op de hichte brocht fan de resultaten fan keunstmjittige ynseminaasje by kij. Yn Ruslân wie professor Elie Ivanov al foar 1900 mei dizze matearje begûn. Mei de tekeningen fan de needsaaklike ynstruminten waarden dy ek yn Aldeberkeap makke.

Neidat Siebenga sels in bolle oanskaft hie, waarden de earste kij befruchte. It earste kokeal waard smiten op 5 desimber 1935 op it bedriuw fan Jan Werner yn Elslo. Al stienen yn it earstoan de bollefokkers nochal negatyf foar dizze nije metoade oer, troch fertinning fan it sperma koenen der wol folle mear kij befruchte wurde.

Dit soe dan betsjutte dat der minder dekbollen nedich wienen. Mar de foardielen wiene folle grutter, oerdraachbere deksykten waarden foarkomd en fan goed ferervjende bollen kamen folle mear neikommelingen. De KY brocht de hiele feefokkerij op in heger nivo, wat ek de eksport fan Fryske kij goed die.

Ynternasjonale wurdearring

bewurkje seksje

Al gau waard Siebenga's súkses ek yn it bûtenlân bekend en kamen fan ferskate bûtenlânsk Universiteiten professors te sjen by de praktyk fan Doctor Jan Siebenga. Sels gie hy fanwege in ûndersyk nei professor John Hammond yn Cambridge. Dizze ûntwikkele him, mei syn kollega's, troch de kolleezjes fan Siebenga ta de KY-pioniers fan Ingelân.

Ek waard fan de Aldeberkeapster ky-bolle sperma ynbrocht by de Ingelske ko Terling Torch 36, fan de ferneamde stâl fan Lord Rayleigh en sa ûntstie the first international test cube calf from Oldberkoop to Cambridge sa't de Boston Post skreau.

Fanút de Feriene Steaten kaam professor Fred MacKenzie fan de Universiteit fan Missouri. Dy wie sa ûnder de yndruk fan de mooglikheden fan k.y., dat hy yn de Feriene Steaten fuort in oerheidssubsydzje oanfrege foar ûndersyk en hjirfoar$ 125.000 ta syn foldwaan krige.
Ek yn Itaalje hie Siebenga meiholpen de k.y op te setten. Yn 1948 waard hy frege om sitting te nimmen yn it earekomitee fan in wrâldkongres oer keunstmjittige befruchting oan de Universiteit fan Milaan.

Syn pionierswurk foar de KY hat der ta bydroegen dat it hjoeddendei by in soad bistesoarten tapast wurdt en sa fan bettere heitedieren mear en bettere ôfstammelingen te fokken binne.
Te tinken falt net allinnich oan de feefokkerij, mar ek yn de hynstefokkerij wurdt it in hiel soad tapast. Beide tûken fan fokkerij binne hjirfoar fan ynternasjonaal belang wurden.
Syn libben en wurk hat er yn inkele boeken mei koartswyl beskreaun. Hy wie ek meiwurker oan ferskate lânboutydskriften oer diergenêskunde.

  • Siebenga, Dr. J. - Kunstmatige inseminatie bij runderen (dissertaasje, 1938)
  • Siebenga, Dr. J. - Veeziekten (1947)
  • Siebenga, Dr. J. - Zo denkt en schrijft dr. Siebenga over de veehouderij (1968)
  • Siebenga, Dr. J. - Doctor Jan. Memoires van een dierenarts. Leeuwarden: yn eigen behear (printe by Drukkerij Wielsma yn Ljouwert) (1976)
  • Reimer Strikwerda - artikel yn fakblêd "Veeteelt"

Keppeling om utens

bewurkje seksje