Lânkampioenskip
De lânkampioenskip of nasjonaal kampioenskip is it winnen fan in nasjonale kompetysje, faak yn sport. De kompetysje giet tusken dielnimmers fan inselde nasjonaliteit of lisinsje.
In nasjonaal kampioenskip kin yn tige ferskate foarmen organisearre wurde. Yn sporten as hurdfytsen wurdt foar de titel striden yn ien inkele wedstriid, yn sporten lykas fuotbal of basketbal giet de titel nei de winner fan in folsleine kompetysje. Lyksoartige kompetyses binnen in bepaalde sport kinne sa organisearre wurde dat in sporter yn meardere kompetysjes foar in titel stride kinne.
De lânkampioen mei de titel meastentiids in jier drage.