Lânsfeint
Lânsfeinten binne frije soldaten (fuotfolk), hiersoldaten, meast út Dútslân, dy't troch keizer Maksimiliaan, dy't de earste lânsfeinterezjiminten foarme, en Albrecht fan Saksen nei Fryslân kamen en hjir fan 1500 - 1515 húsholden. Letter kamen sy ek fan Alsace, Flaanderen, en it Rynlân. Harren hâlden en dragen op it slachfjild koe tige ferskille; bytiden wiene sy tige dapper en dissiplinearre, mar disoarder en ûnbetrouberens kaam ek faak foar.
Se wiene wapene mei in lange spear, helleburd, koart swurd ("Katzbalger") en bytiden ek in twahânsswurd ("Bidenhänder" of "Zweihänder"). Se droegen "plunderhosen" en hienen in eigen moraal en earekoade. Yn de kroniken fan Peter en Worp fan Thabor hieten se Duytsche Knechten. De Swarte Heap is in Frysk foarbyld fan lânsfeinten.
Etymology
bewurkje seksjeDe term komt fan it Dútske, Land, "lân" + Knecht, "(tsjinst)feint", en wurdt om 1480 hinne foar it earst neamd. It wie oarspronklik de oantsjutting foar de hiersoldaten fan út Swaabje fan it Hillige Roomske Ryk om ûnderskaat te meitsjen mei de Switserske Landsknechten. Al yn 1500 wie der betizing oer it wurd en waard it ek wol stavere as Lanzknecht en yn ferbân brocht mei in Lanze, "lâns".
Keppelings om utens
bewurkje seksje
- Landsknecht.org, Webstee fan de International Landsknecht feriening.
- Klaaing fan de Lânsfeint
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|