Lôzje ''De Friesche Trouw''
Lôzje "De Friesche Trouw" is in frijmitselerslôzje yn Ljouwert oprjochte yn 1782, dy't ûnder it Grootoosten der Nederlanden falt.
De Friesche Trouw | ||
Segel fan de lôzje | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
wurkmêd | Frijmitselderij | |
fêstige yn | Ljouwert | |
oprjochte | 11 febrewaris 1782 | |
motto | Antiqua virtute ad fide | |
obediïnsje | Grootoosten der Nederlanden |
Skiednis
bewurkje seksjeDy lôzje waard op 11 febrewaris 1782 oprjochte. De op 9 maart 1782 ferliende konstitúsjebrief fermeldt de nammen fan Wilco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, Wilco Holdinga Tjalling Camstra Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, Ernst Louis Otto Baron van Eberstein, Johannes Casparus Bergsma, Arent Johan fan Glinstra, Nicolaus Arnoldi Knock en Epeus Wielinga Huber, allegear lid fan de ambulante Rezjimintslôzje 'L' Esprit du Corps'. De konstitúsjebrief hat in notysje fan 10 maaie 1782 dy't seit dat T. Roorda, H. de Vries, P.A. Schik, B.M. Schik en H. Boekerk har by de oprjochters foege hawwe. De lôzje waard op 10 maaie 1782 ynstallearre.
De lôzje rêste fan 1814 (hy waard sels finansjeel likwidearre) oant 1817 en fan 1821 oant 1837. Op 14 febrewaris 1837 beslute jhr. H.M. Speelman Wobma, G.L. Feyens, W.R. van Sippama, K. v.d. Veen, J. Hora Adema, C.J. v.d. Veen, en H. van Noord de wurksumheden definityf wer op te nimmen. Se waarden dêrby bystien troch bûtenleden fan de loge: C.J. van Dam van Isselt, J. de Sitter, P.C. Simon, A.J. Mispelblom Beyer, C.J. Bolten, L.J.A. van der Kun, J.G. Groïn, J.J. de Jong, S. Brouwer, U. Folkertsma, H.D. van Sloterdijck, A. Menïn en G. Meinesz.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer
|