Nicolaus Arnoldi Knock
Nicolaus Arnoldi Knock, ek wol skreaun as Nicolaas Arnoldi Knock (Rotterdam, doopt 10 april 1759 – Leien, beïerdige: febrewaris 1794) wie in Nederlânske jurist, grytman en amateuroargelist.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy wie soan fan predikant Wesselus Knock en Jitske Anna Arnoldi. Hja lieten him dope yn de herfoarme tsjerke. Hysels troude Rinskje Ypkjen fan Boelens (Renske Eijpke Boelens), dochter fan Boelardus Augustinus fan Boelens en Antje Mellinga.
Hy krige syn oplieding oan de latynske skoalle yn Ljouwert en letter de Universiteit fan Grins. Hy wie fan hûs út dus jurist en wie grytman oer Stellingwerf-Oosteynde fan 1780 oant 1788 as ek lid fan de Steaten fan Fryslân. Hy wie der ek lid fan de Lôzje ''De Friesche Trouw''. Hy wenne letter yn ferskate stêden yn Nederlân; it lêst yn Leiden, dêr't er him ek ynskreau as lidmaat oan de Leidske Universiteit.
Fan syn oplieding ta oargelist is net folle bekend, mar it fermoeden bestiet dat er les hân hat fan J.H. Tammen yn Grins. Mei dy organist musisearre er ek wol en sy treden tegearre op as eksaminator ensfh. Dêrneis trede er, as hobby, op as oargelist op yn de noardlike provinsjes, mar der is ek fan him in optreden bekend yn de Nije Tsjerke yn Amsterdam en ek earne oars yn it lân al woe net elke gemeente him baarne oan it bespyljen fan kostbere oargels troch in amateur. Om dochs optrede te kinnen waard er wol stipe troch de (omstriden) oargelfirtuoos Abt Vogler (Georg Joseph Vogler). Johann August Just droech syn 'Seis divertisseminten' oan him op.
Yn 1788 publisearre er by Petrus Doekema te Grins Dispositiën der merkwaardigste kerk-orgelen, welken in de provincie Friesland, Groningen en elders aangetroffen worden. [1] It bliek yn de rin fan de iuwen fan belang as oanfolling op geskriften fan Joachim Hess en belibbe yn 1959 en 1968 in nije printinge en yn 1971 in faksimilee-útjefte.
Knock waard yn de wike 15 oant 22 febrewaris 1794 beïerdige yn de Vrouwekerk yn Leien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|