Lünen
Lünen is de grutste stêd fan de kreis Unna yn it wêst fan Westfalen, Dútslân. Troch de lokaasje fan yn it noardeastlike Ruhrgebiet en oan de súdlike râne fan it Münsterland is Lünen sawol yndustrieel as lanlik.
Lünen | |
---|---|
Lünen yn de kreis Unna | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Kreis | Unna |
Sifers | |
Ynwennertal | 85.838 (31-12-2020) |
Oerflak | 59,39 km² |
Befolkingstichtens | 1445 /km² |
Hichte | 58 m. boppe seenivo |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.kreis-unna.de |
Eartiids wie Lünen it belangrykste beafeartssintrum fan it bisdom Münster, dêr't yn de Tritichjierrige Kriich in ein oan kaam. Tsjintwurdich witte pylgers noch jimmeroan it paad te finen nei Alt-Lünen foar in besite oan it mirakuleuze Marijebyld yn de neogoatyske Marijetsjerke.
Stedsyndieling
bewurkje seksjeLünen is, oars as oare stêden yn Noardryn-Westfalen, bestjoersmjittich net yn saneamde Ortschaften, mar yn Bezirke yndield, dy't tagelyk de funksje fan Ortsteile of Stadtteile hawwe. De foarse groei fan Lünen easke dat it tal Bezirke ferskillende kearen ferhege wurde moast. Sa bestiet Lünen sûnt 2004 út fjirtjin statyske Bezirke:
- Lünen-Mitte
- Geistviertel
- Osterfeld
- Lünen-Nord
- Beckinghausen
- Niederaden
- Horstmar
- Lünen-Süd
- Gahmen
- Brambauer
- Lippholthausen
- Alstedde
- Nordlünen
- Wethmar.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lünen fan Wikimedia Commons. |