Lalla Latifa Hammou

Lalla Latifa Hammou (Khénifra, 1946 - Rabat, 29 juny 2024) wie de oarehelte fan kening Hassan II fan Marokko en de mem fan prinsesse Lalla Meryem, kening Mohammed VI, prinsesse Lalla Asma, prinses Lalla Hasna en prins Moulay Rachid. Se hie net de titel fan keninginne. Lalla Latifa wurdt ek wol "Mère des enfants royaux" neamd, (mem fan de keninklike bern).

Lalla Latifa Hammou
aadlik persoan en/of hearsker
echte namme Lalla Latifa Hammou
nasjonaliteit Marokkaansk
bertedatum 1946
berteplak Khénifra
stjerdatum 29 juny 2024
stjerplak Rabat
dynasty Alaoui-dynasty

Se komt út de Zaianes Berberstam en boaske op 9 novimber 1961 mei Hassan II. Nei de dea fan Hassan II troude se yn 2000 mei de liifwacht fan har ferstoarne man en âld-haad fan de befeiliging fan it Keninklik Paleis, Mohamed Mediouri. Lalla Latifa ferstoar op 29 juny 2024, yn 'e âldens fan 78 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy: NL