Rabat
Rabat (الرباط) is de haadstêd fan Marokko. Mei de foarstêden Salé en Témara hie Rabat yn 2004 1.622.680 ynwenners.
Rabat | ||
Rabat, sjoen fanút Salee. | ||
Bestjoer | ||
Lân | Marokko | |
Boargemaster | Fathallah Oualalou | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 620.996 (2004) | |
Oerflak | 117 km² | |
Befolkingsticht. | 5300 km² | |
Oar | ||
Stifting | 1146 | |
Tiidsône | UTC ±0 | |
Koördinaten | 34° 02' NB, 6° 50' WL | |
Offisjele webside | ||
www.rabat.ma |
Geografy
bewurkje seksjeRabat leit de linker igge fan de rivier Bou Regrech dy't yn de Atlantyske Oseaan útmûnet. Op de oare igge leit Salee.
Skiednis
bewurkje seksjeDe skiednis fan Rabat set út ein mei de stifting fan in delsetting yn de 3e iuw f.Kr., dy't Sjellah neamd waard op de igge fan de rivier Bou Regrech. Troch de Romeinen waard dizze stêd beset en sy neamden har Sala Colonia. De Romeinen hawwe de koloanje ferlitten yn 250.
Om-ende-by 1150 boude de Almohadyske sultan Abd al-Mumin by Rabat in kastiel dat letter de Kasbah fan Oudaïa wurde soe, in moskee en in ferbliuw. It geheel waard in ribat neamd, in festing. De tsjintwurdige namme is ôflaat fan Ribat Al Fath, wat "it kamp fan de oerwinning" betsjut. Ya'qub al-Mansur, in pakesizzer fan 'Abd al-Mumin, hat de festing grutter makke en fersterke mei in muorre derom hinne en brûkt as basis foar de Almohadske ekspedysjes yn Andalusje.
Yn 1912 waard Rabat troch de Frânsken ta haadstêd makke fan it Frânske protektoraat. Letter doe't Marokko yn 1956 bleau Rabat de wichtichste stêd fan it lân.
Underwiis
bewurkje seksjeYn Rabat is de Mohammed V-universiteit festige.