Lambert H. Mulder

Lambert H. Mulder, folút: Lambert Hendrik Mulder (?, 14 novimber 1934De Haach, 10 oktober 2016)[1][2] wie in Frysk heechlearaar andragogy (de lear fan it ûntwerpen fan ûnderwiisstrategyen om folwoeksenen te helpen om nije dingen te learen).

Lambert H. Mulder
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lambert Hendrik Mulder
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 14 novimber 1934
berteplak yn Fryslân
stoarn 10 oktober 2016
stjerplak De Haach
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt heechlearaar andragogy
aktyf as oersetter
reden
  bekendheid
sette it stik La Cantatrice Chauve
   oer yn it Frysk

Dêrnjonken wie er aktyf as oersetter. Yn 1956 kaam ûnder de titel De Keale Sjongeres syn Fryske oersetting út fan it toanielstik La Cantatrice Chauve, fan 'e Roemeensk-Frânske skriuwer Eugène Ionesco, út 1950. Mulder hat belutsen west by Quatrebras.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stjerberjocht fan Lambert H. Mulder
  2. Stjerberjocht fan Lambert H. Mulder
  • Dykstra, Klaes, en Oldenhof, Bouke, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert, 1997 (Afûk), ISBN 9 07 00 10 526, s. 150.