Lambertuskirche (Immerath)
De Kirche St. Lambertus (Sint-Lambertustsjerke) wie in neoromaanske tsjerke yn it doarp Immerath, in stedsdiel fan Erkelenz, yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. Yn it ramt fan de útwreiding fan it gebiet dêr't it Dútske enerzjybedriuw RWE brúnkoal dollet moast de monumintale tsjerke lykas de rest fan it doarp sloopt wurde. Fanwegen it ymposante oansjen fan de tsjerke waard it gebou yn de folksmûle mei Immerather Dom oantsjut. Nei in soad protesten tsjin de ôfbraak waard de tsjerke op 8 jannewaris 2018 mei de grûn lyk makke.
St.-Lambertuskirche | ||
bouwurk | ||
De tsjerke nei de ûntwijing yn 2014 | ||
lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
plak | Erkelenz-Immerath | |
adres | Pescher Straße | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1888 | |
sloopjier | 2018 | |
arsjitekt | Erasmus Schüller | |
boustyl | Neo-romaanske arsjitektuer | |
offisjele webside | ||
Side fan de Kristus Kening-parochy |
Skiednis
bewurkje seksjeMei de bou fan de tsjerke waard op 2 septimber 1888 út ein set om't de âlde tsjerke te lyts woarn wie foar it tanimmende ynwennertal. Al trije jier letter koe de tsjerke ynwijd wurde, dy't yn neostyl boud waard as in 12e-iuwske romaanske basilyk neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Erasmus Schüller (1861–1890) út Keulen. Noch ear't de tsjerke foltôge wie ferstoar de arsjitekt en waard it wurk oernommen troch de teffens út Keulen ôfkomstige arsjitekt Theodor Ross.
Yn de Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke yn febrewaris 1945 slim skeind. In renovaasje folge nei de oarloch.
De tsjerke wie in trijeskepige basilyk fan dowestien. Benammen de dûbele tuorren oan wjerssiden fan de westlike gevel en it hege dwersskip joegen de tsjerke in katedraaleftich oansjen.
Untwijing en ôfbraak
bewurkje seksjeIt doarp Immerath kaam lykwols yn it ôfbougebiet fan it RWE-bedriuw Tagebau Garzweiler te lizzen en moast lykas oare doarpen sûnt 2006 wike foar de winning fan brúnkoal. Op 13 oktober 2013 moast de parochy ôfskie nimme fan de tsjerke. Mei in plechtige mis waard de neoromaanske basilyk ûntwijd en it ivige ljocht dôve. Op 21 juny waarden de beide krusen fan de toer ferwidere. Yn desimber 2017 waard in stiennen reliêf yn de apsis fan in krúsifiks út de bûtenmuorre helle en oan de apsis fan de Fransiskustsjerke yn Bonn oanbrocht.
Protesten tsjin de ôfbraak fan de tsjerke bleaune oant de dei fan de ôfbraak oanhâlden. Noch op de dei fan de ôfbraak wisten Greenpeace-aktivisten de tsjerke te besetten. Moandei 8 jannewaris 2018 waard lykwols begûn mei de sloop en op 9 jannewaris 2018 waarden as lêste de beide tuorren delhelle.
Ynrjochting
bewurkje seksjeFan it ynterieur bleaune de alters, de bylden, de klokken, de preekstoel, de banken, de bychtstoel en de ramen bewarre. Foar in diel koene âlde ynterieurstikken in plak krije yn de folle lytsere moderne kapel fan it nije Immerath, dat sa'n acht kilometer fierder leit fan it âlde Immerath. Dêrûnder hearre in missykrús út de 14e iuw, in Marijebyld en it doopfont. Ek oare tsjerken út de omkriten namen dielen fan it ynterieur oer. Guon dielen fan it ynterieur bedarren yn tsjerken yn Berlyn en Poalen. Noch yn de lêste dagen fan de tsjerke koe in part fan de glês-yn-leadramen rêden wurde. Fjouwer fan de seis klokken krigen wer in plak yn de toer fan de kapel yn it nije Immerath, dêr't trije monumintale by wiene dy't yn 1496, 1512 en 1670 getten binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:St. Lambertus (Immerath)
|