Langebaanriden

(Trochferwiisd fan Langebaanreedriden)

It langebaanriden is in foarm fan baanriden dêr't de baan yn omgongen ride wurdt.

De standertbaan foar it langebaan is in ovaal fan 400 meter. De hurdriders ride twaresom, yn twa banen, omgongen loftsom. Om de ôfstân foar beide riders likelang te hâlden wikselje de riders eltse omgong fan baan, op it rjochte ein tsjin de oankomst oer. As de riders lykop ride giet de rider dy't út de bûtenbaan komt foar.

De riders ride gewoanlik net tsjin elkoar, mar tsjin de klok. Eltse rider yn de wedstriid rydt de ôfstân ornaris ien kear, en de rider mei de fluchste tiid wint.

By it langebaan reedriden wurdt ferskate ôfstannen riden. Hjirby wurdt ûnderskie makke tusken: