Langwert is in poldermole en ryksmonumint 400 meter súdeast fan it doarp Winsum yn de gemeente Waadhoeke.

Langwert
mûne / mole
De mûne yn 2015
De mûne yn 2015
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Winsum
adres Weakens 2
koördinaten 53° 08' N 5° 38' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 11,70 meter
boujier 1863[1] of 1866[2]; werbou 1978
oare ynformaasje
eigner Gemeente Waadhoeke
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8529
Kaart
Langwert (Fryslân)
Langwert

Yn 1863 (of 1866) waard in mûne op it plak boud, dy't yn 1974 ôfbaarnde. Oan de Stjelpdyk stie noch in tige ferrinnewearre mûne by de pleats fan J. Fekkes, dy't dêr 25 hektare lân bemealle hie. It achtkant fan dat mûntsje waard yn de jierren 1978-1979 by de restauraasje fan de ôfbaarnde mûne brûkt. In grut part fan de Langwert bestie doe lykwols út nij materiaal.[3][4]

Foarhinne wie de mûne eigendom fan de gemeente Littenseradiel en mei de opheffing fan de gemeente gyng it eigendom oer op de gemeente Waadhoeke.

De mûne is in mealreeë achtkante muonts op mitsele fjildmuorren. It achtkant is ôfdutsen mei oer inoar hinne spikere planken. De wjukken fan de mûne binne Aldhollânsk ophekt en hawwe in flecht fan 11,70 meter. De mûne meallet yn sirkwy.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: