Laurent-Charles Maréchal

Laurent-Charles Maréchal (Metz, 27 jannewaris 1801Bar-le-Duc, 17 jannewaris 1887) wie in Frânsk keunstskilder.

Selsportret

Biografy bewurkje seksje

Charles-Laurent Maréchal kaam út in earme húshâlding yn Metz. Hy learde foar sealmakker, mar syn hert lei by de keunst en rillegau reizge er nei Parys, dêr't er ferskate jierren learling fan Jean-Baptiste Regnault wie. Yn 1825 gie er werom nei Metz en it jier dêrop die er mei oan de Eksposysje fan it Departemint fan de Maas; it skilderij 'Job' smiet him de earste klasse sulveren medalje op.

Yn 1831 besocht er kening Louis Philippe I yn Metz en liet him syn skilderij 'Gebed' sjen, dat in earfolle fermelding krige yn de 'salon' fan dat jier. Under syn oare oaljeverven binne 'Masaccio as jonge,' 'De rispinge' en de 'Apoteösis fan St. Katherine' dy't er yn 1842 foar de Katedraal fan Metz skildere. Hy gie lykwols úteinlik fan oaljeverve oar op pastel, in gaadliker medium foar syn frije, sketseftige styl. Mei dat medium makke er in grut tal wurken, lykas 'Sisters of Misery,' 'Hongaarske houthakkers' (1840), La Petite Gitana (1841), 'Frije tiid,' 'Need,' 'De learlingen,' &c., wêrfoar't er efter elkoar medaljes fan de tredde, twadde en earste klasse ûntfong.

Wichtiger as dit wurk wie lykwols it bedriuw dat er yn syn berteplak stichte, it meitsjen fan brânskildere glês. Datsoarte wurk, útstald op de Grutte Eksposysje fan 1851, krige er in medalje earste klasse foar; en de twa grutte hemicycles, dy't er útfierde foar it Palais de l'Industris fan Parys yn 1855, leveren him de ûnderskieding ofsier fan it Légion d'Honneur yn 1846 op. Sûnt Charles-Laurent Maréchal dekorearre in grut tal fan de foarneamste tsjerken yn Frankryk mei brânskildere ramen; yn Parys, St. Vincent de Paul, St. Clotilda, St. Valere; de katedralen fan Troyes, Metz, Cambray, Limoges en in mannichte parochytsjerken, te folle om op te neamen. Charles-Laurent Maréchal stoar yn Bar-le-Duc yn 1887.

Charles-Raphaël Maréchal (1818 Metz -1886 Parys), syn soan wie in knap sjenreskilder. Syn 'Simom,' Halt at Evening, en 'De skipbreklingen' waarden útstald yn 1853 en 1857.

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Laurent-Charles Maréchal fan Wikimedia Commons.