Laurien Gardner
Laurien Gardner is in kollektyf pseudonym fan in groepke Amerikaanske skriuwsters dy't in rige romans oer de Tudor-tiid skreaun hawwe, mei as haadpersoanen de ûnderskate froulju fan kening Hindrik VIII fan Ingelân. Dizze romansearje, dy't ta de literêre sjenres fan 'e histoaryske fiksje en de romantyk rekkene wurde kin, waard betocht troch boekeredakteur Ginjer Buchanan, doe't dy seach hoe'n populariteit oft boeken oer de Tudors wol net hiene. De trijedielige searje is publisearre troch de Amerikaanske útjouwerij Jove Books, in ymprint fan 'e Penguin Group. It twadde diel, A Lady Raised High, skreaun troch Jennifer Ashley, wûn yn 2007 de prestizjeuze RITA Award yn 'e kategory bêste histoaryske roman.
Publisearre boeken
bewurkje seksje- 2005 – The Spanish Bride: A Novel of Catherine of Aragon (oer Katerina fan Aragon, skreaun troch Julianne Ardian Lee)
- 2006 – A Lady Raised High: A Novel of Anne Boleyn (oer Anna Boleyn, skreaun troch Jennifer Ashley)
- 2006 – Plain Jane: A Novel of Jane Seymour (oer Jane Seymour, skreaun troch Sarah Hoyt)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |