De RITA Awards binne in groep Amerikaanske literatuerprizen dy't sûnt 1982 elts jier útrikt wurde oan 'e skriuwer fan 'e bêste Ingelsktalige wurken op it mêd fan 'e romantyk. De tawizing en útrikking fan 'e prizen wurdt organisearre en ferrjochte troch de Romance Writers of America (RWA), in feriening fan Amerikaanske romantykskriuwers. De RITA Award is de wichtichtste priis fan 'e wrâld yn syn sjenre. De priis is ferneamd nei Rita Clay Estrada, de earste foarsitter fan 'e RWA.

RITA Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar romantyske literatuer
útrikt troch Romance Writers of America
frekwinsje 1x jiers
datum july
plak [ferskilt per jier]
ynsteld 1982
offisjele webside
www.rwanational.org

Proseduere bewurkje seksje

Yn prinsipe kin in eltsenien in boek nominearje foar de RITA Awards, mar yn 'e regel wurdt soks dien troch de oangeande útjouwer. De beoardieling wurdt dien troch in fiifkoppige faksjuery, en de winners wurde elk jiers mids maart bekendmakke. De eigentlike útrikking fan 'e prizen fynt plak by in galaseremoanje op 'e lêste dei fan 'e jierliks Nasjonale Konferinsje fan 'e RWA, dy't ornaris yn july holden wurdt.

Kategoryen bewurkje seksje

De RITA Awards wurde sûnt 2014 útrikt yn 9 kategoryen:

  • bêste earste boek
  • bêste komtemporêne romantyk
  • bêste eroatyske romantyk
  • bêste histoaryske romantyk
  • bêste ynspirasjonele romantyk
  • bêste paranormale romantyk
  • bêste romantyske novelle
  • bêste spannende romantyk
  • bêste koarte kontemporêne romantyk
  • bêste romantyk foar jongfolwoeksenen

Ofskafte kategoryen bewurkje seksje

Eardere kategoryen wiene:

  • bêste histoaryske romantykrige (1990-1994)
  • bêste op himsels steande histoaryske romantyk (1990-1994)
  • bêste romantyk (1990-1996)
  • bêste op himsels steande komtemporêne romantyk (1990 & 1992-2008)
  • bêste Regency-romantyk (1990-2006 & 2008-2012)
  • bêste lange histoaryske romantyk (1995-2007)
  • bêste koarte histoaryske romantyk (1996-2007)
  • favorite boek fan 'e RWA (1998)
  • bêste roman mei sterke romantyske eleminten (2004-2008)
  • bêste komtemporêne romantykrige (2008-2012)
  • bêste komtemporêne romantykrige: spanning/aventoer (2008-2012)
  • bêste lange kontemporêne romantykrige (2013)

Winners bewurkje seksje

Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.