R.J. Cleveringslûzen

(Trochferwiisd fan Lauwerssilen)

De R.J. Cleveringslûzen, ek wol de Lauwersslûzen binne trije grutte spuislûzen by Lauwerseach, boud yn 1969.

de R.J. Cleveringslûzen as Lauwersslûzen
sicht fan de Waadsee ôf

Oant 2 oktober 2007 stiene de slûzen bekend ûnder de namme Lauwersslûzen, mar se binne doe ferneamd nei de hear R.J. Clevering, dy't yn de tiid fan de ôfslúting fan de Lauwerssee direkteur wie fan it wetterskip Hunsingo yn Grinslân en him der bot foar ynset hat om de ôfsluting fan de Lauwerssee dertroch te krijen.

De trije slûzen soargje derfoar dat by leech wetter op it waad it wetter út it Lauwersmar op see spuit wurde kin. Hjir wurdt in grut part fan it wetter fan de Fryske boezem en fan de Electraboezem yn it westen fan Grinslân op de Waadsee lost. De slûzen steane op de grins fan de provinsjes, twa slûzen steane op it grûngebiet fan Fryslân en de oare stiet yn Grinslân.
De trije slûzen besteane elk út fjouwer slúskolken. Yn elke slúskolk sitte twa skuven dy't mei elektryske motors op en del helle wurde kinne. De mannichte wetter dy't lost wurde kin troch de slûzen hinget bot ôf fan it hichteferskil tusken it wetter op it waad en it wetter op de Lauwersmar. De grutste ôffier fan wetter hat in kear 28 miljoen kúb wetter yn fiif oeren west.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: