Leagenbank
(Trochferwiisd fan Leagenbolle)
In leagenbank (ek wol leagenbolle) is de beneaming foar in plak dêr't minsken (meast âlderein) by elkoarkomme om nijs út te wikseljen. It is in plak om te sitten, meast op in strategysk plak yn de iepenbiere romte fan in doarp of stêd. De bank stiet meastal yn de iepen loft en hat heechút in muorke mei ôfdakje. Tradisjoneel is it plak oan de haven, it doarpsplein of it merkplein.