Ledige Uren Nuttig Besteed
Ledige Uren Nuttig Besteed, ôfkoarte as LUNB is de âldste lêsferiening fan Nederlân út Aldebiltsyl.
It LUNB waard yn de winter fan 1793 oprjochte troch seis hearen, wêrûnder in ûnderwizer en in âlde skipskaptein yn herberch 'De Vriendschap'. Destiids wienen der wol fjouwer kroegen yn Aldebiltsyl. It biedwurd fan de groep wie:
- Door 't lezen wordt 't verstand verlicht
- Het hart gevormd tot 's menschen pligt
Allinnich manlju meie lid wurde en de jiergearkomst is fan grut belang. Uteinlik doel is it fersterkjen fan de mienskip. Elke himsels respektearjende Ouwesylster heart lid te wêzen. Soms moast der jierren foar op de ballotaazjelist stien wurde, der kinne mar 36 leden talitten wurde. Dy binne yn trije seksjes opspitst: de jonge hûnen, de middenmoaters en de âlde leden. No't it hieltiten lestiger wurdt om genôch Aldebiltsylsters te finen kinne ek manlju út de omkriten lid wurde. De LUNB hinget fan tradysjes oan elkoar. De nijjiersgearkomsten binne yn it "Graauwe Paard" yn de earste wike fan it nije jier. Dêr is altiten Dimter koeke dy't yn de lingte trochsnien wurdt en dik mei echte bûter besmard wurdt. De boeken dy 't dat jier lêzen binne wurde dy dei by opbod ferkocht. Wa't it earste "Mijn" ropt is keaper.