Lemsterweitunnel
De Lemsterweitunnel is in fytstunnel ûnder de Rykswei 7 dy't de wiken Tinga en Lemsterwei-West mei elkoar ferbynt.
De tunnel, iepene yn 1991, is om fytsers en fuotgongers de mooglikheid te jaan om feilich oer de rûnwei fan Snits te kommen. Om 2010 waard der yn de tunnel wurke yn ferbân mei de oanlis fan in nij ferkearsknooppunt boppe de tunnel. De tunnel leit ûnder de A7 tusken ôfslach De Hommerts en Lemsterwei.
Net fier fan de tunnel is de Tolhús-tunnel, dy't in pear jier earder iepene is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|