In lent is in los- en laadplak foar turf, sa't dy yn Drinte oan de Hunze leinen.

Doe't it Skûtedjip om 1400 oanlein wie en de Eastermoarske feanen ferfeante waarden, waarden rûnom lenten oanlein. Lenten hienen ornaris de nammen fan feaneigeners. Foarbylden binne it Hovingslent, it Niebuurslent en it B. Poelmanslent. Leden fan it Skuteskoversgilde laden de turf út de Anner-, Eekster-, en Giterfeanen by de ûnderskate lenten mei snabbeskuten, lytse turfskipkes, en brochten it dêrmei nei Grins.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: