Lester Cockney is in striprige fan de Frânske striptekener en skriuwer Franz Drappier. De strip giet oer in jonge Ier, Lester Mahoney dy't "Lester Cockney" neamd wurdt fanwege syn Ingelske heit. Hy giet by it Ingelske leger en belibbet ferskillende aventoeren de hiele wrâld oer, fan Afganistan en de Punjab oant yn Hongarije en Amearika. In jonge eigensinnige frou beselskippet him dêrby. Twa albums, Irish Melody and Shamrock Song, gean oer de jeugd fan Lester yn Ierlân.

Yn oktober 1982 waard it earste diel fan de rige yn it Nederlânske taalgebiet útbrocht. Totaal binne der 9 dielen yn de rige ferskynd.

Albums bewurkje seksje

De striprige is útbrocht troch útjouwerij Le Lombard.

Nûmer Nederlânske titel Jier
1 De dwazen van Kaboel 1982
2 En altijd kraakt de sneeuw 1983
3 Een Hongaarse in Pendjab 1984
4 Ik wil terug naar Pecs! 1985
5 De koning der Dalmatiërs 1987
6 De gezworenen van de Donau 1987
7 De kinderhandelaars 1993
8 Oregon trail 2005
9 Op de vuist 2005

Keppeling om utens bewurkje seksje

ôfbyldingen fan Lester Cockney