Franz Drappier (Charleroi, 11 juny 1948 - Parys, 8 jannewaris 2003) wie in Belgyske striptekener.

Franz Drappier hie al jong in soad niget oan tekenjen. Hy trochrûn de keunstakadeemje Institut Saint-Luc te Mons. Yn 1967 ferskynt syn earste tekenteltsje yn it wikestripblêd Kuifke neffens senario fan Yves Duval; rillegau folgen der mear.

Franz wie in striptekener dy't in soad wurk út de wei set hat. Hy hat oan in grut ferskaat fan tekenteltsjerigen wurke dêr't guons by sieten dy't mar út ien, twa of trije dielen besteane. In protte tekentelriges binne troch him útein set en soms wurke hy wol oan twa of trije riges tagelyk. Ek hat er oan in grut tal riges meiwurke as senarioskriuwer. Syn wichtichste en populêrste riges binne: Jugurta, Poupée d'Ivoire, Lester Cockney en Thomas Noland.

Neffens Franz sels is er troch gjin ien yn it bysûnder beynfloede, al hat er wol altiten de Amerikaanske keunstner Fred Harman hiel bot bewûndere. [1] It wurk fan Franz ûnderskiedet him troch realistyske tekeningen mei in protte aksje, beriden hynders, en tekene fanút alle gesichtpunten. Hy hie in foarkar foar it tekenjen fan hynders en it is te sjen dat dat him maklik ôfgie. Wat opfalt yn syn ferhalen is, dat de froulju faak in sterke persoanlikheid hawwe en likegoed fjochtsje kinne as de manlju. Yn syn lêste grute rige dêr er oan wurke "Poupée d'ivoire" (Nederlânsk: Lotusbloem), komt nochal wat geweld foar.

Wa't de tekenteltsjes fan Franz lêst sil konfronteare wurde mei tema's dy't in wisse ivichheidswearde hawwe, mar wol wat kleurd binne troch it tiidrek dêr't sy yn ûntstean binne: de jierren santich. Trije tema's kinne as typysk Franz beskôge wurde en binne karakteristyk foar dy tiid; de frou as lykweardich (en yn sommige opsichten better) fan de man; de natoer dy't ferheven is boppe technyske ûntwikkelingen; en de op 'en nij ûntdekking fan oare kultueren en wurdearring fan de mystyk. [2] Dochs sille syn strips ek foar letter generaasjes goed lêsber bliuwe omdat Franz in ambachtlike oanpak fan tekenteltsjemeitsje hie. Syn tekenwurk is tagonklik en werkenber, it hat faazje en it ûnderskiedt him troch in konstante kwaliteit.

Nei syn dea is noch postúm fan him ferskine yn 2006 it lêst diel (nûmer 9) fan Poupée d'Ivoire. It diel wie noch net ôf doe't hy hommels ferstoar, en is troch twa oare striptekeners, freonen fan him ôfmakke.

Neist tekenje, wienen hynders Franz syn grutste passy. Yn syn libben hat er der wol tritich fan hân. Op in stuit hie er santjin hynders tagelyk. Hynders om te koersen, mar ek fokmerjes en harren fôlen. Hy hat sa'n trije jier amateur jockey west, mar dat wie úteinlik te djoer, dat hy stoppe der mei. Drappier syn ûnderfinings mei de wrâld fan koersen hat er sjen litte wollen yn it album Captain Tom.

  • La nuit des gargouilles, (tekeningen), senario Vicq, Samedi-Jeunesse nûmer, 1972
  • Graine de jockey, Les aventures de Christopher (Captain Tom), (tekeningen), senario Yves Duval, éd. Rossel, 1973
  • Jugurtha (tekeningen), mei Jean-Luc Vernal (senario), Le Lombard, 13 albums (nûmers 3 oant 15), 1978-1991.
  • Bruxelles, mille ans d'épopées (tekeningen), mei Jean-Luc Vernal (senario), Casterman, coll. « L'histoire en bande dessinée », 1979.
  • 1830 - La révolution belge (tekeningen), mei Jean-Luc Vernal (senario), Le Lombard, coll. « Histoires de l'histoire », 1980.
  • Hypérion (tekeningen), mei André-Paul Duchâteau (senario), Le Lombard, 1981.
  • Lester Cockney, Le Lombard, 11 albums (dont deux hors-série parus dans la coll. « Signé »), 1982-2005.
  • Thomas Noland (tekeningen), mei Daniel Pecqueur (senario), Dargaud, 5 albums, 1984-1998.
  • Pur-sang, Le Lombard, coll. « Phylactère », 1985.
  • Poupée d'Ivoire, Glénat, coll. « Vécu », 8 albums, 1988-2001
  • Mémoires d'un 38 (tekeningen), mei Jean-Luc Fromental et José-Louis Bocquet (scénario), Les Humanoïdes Associés, coll. « Métal Hurlant », 1989.
  • Brougue, Blanco puis Soleil, 3 albums, 1989-1996.
  • Colère Apache (tekeningen), mei Festin, Jerry Spring t. 23, Alpen, 1990.
  • Les perdus de l'empire (senario), mei Éric (tekeningen), Le Lombard, coll. « Histoires et Légendes », 1990.
  • Hannah (tekeningen), mei Jean Annestay (senario), Dupuis, 3 albums, 1991-1993.
  • Gord (senario), mei Christian Denayer (tekeningen).
  • Wyoming Doll, Dargaud, coll. « Long Courrier », 1999.
  • Compagnons de fortune, Delcourt, coll. « Conquistador » :
  1. Juste une île..., 2001.
  2. Au milieu de nulle part..., 2002.
  1. La cité des masques, 2002.
  1. L'homme qui devint loup, 2003.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Boarne:

  • ZozoLala, diel 27, maaie/juny 1988
  • ZozoLala, diel 166, juny/july 2009

Fuotnoat:

  1. Zozolala, nûmer 27, side 8.
  2. Zozolala, nûmer 166, side 9.

Keppeling om utens: