Poupée d'Ivoire
Poupée dívoire is in striprige fan de Frânske striptekener en skriuwer Franz Drappier, dy't sûnt 1988 ferskynde. Yn dat jier waard it earste diel fan de rige yn it Nederlânske taalgebiet útbrocht ûnder de namme Lotusbloem. Totaal binne der 9 dielen yn de rige ferskynd.
Ferhaal
bewurkje seksjeDe ferhalen spile harren ôf ûnder de Tang-dynasty yn de tiid fan de Sineeske midsiuwen. Haadfiguer is Yu Lien, in faam fan 17 jier dy't ferkocht wurdt oan in 'hûs fan blommen en wylgen' (hûs foar prostituees). At sy de kâns krijt besiket sy te flechten. Dat docht sy yn selskip fan Timok, in barbaar fan in stam dy't ôfkomstich is út de omkriten dêr't no Afganistan en Pakistan lizze. De striprige Poupée dívoire is ynspirearre troch de ferhalen fan Rechter Tie út de boeken fan Robert van Gulik.
Albums
bewurkje seksjeAlle albums binne tekene en skreaun troch Franz Drappier en yn Nederlân útjûn troch Arboris.
Nûmer | Nederlânske titel | Jier |
---|---|---|
1 | Nacht vol geweld | 1988 |
2 | De bronzen klauw | 1989 |
3 | De vergeten koningin | 1990 |
4 | De scytische graftombe | 1993 |
5 | De apenkoning | 1995 |
6 | De rechter | 1998 |
7 | De lynxenhoedster | 2000 |
8 | De roedel | 2002 |
9 | Timok Khan | 2006 |