Letelier-Moffitt Human Rights Award

De Letelier-Moffitt Human Rights Award is in Amerikaanske minskerjochtepriis dy't sûnt 1978 elts jier oan twa of trije persoanen of organisaasjes op it westlik healrûn takend wurdt troch it Ynstitút foar Beliedsstúdzjes (IPS), dat fêstige is yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C.

Letelier-Moffit Human Rights Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar minskerjochte-aktivisme
útrikt troch Ynstitút foar Beliedsstúdzjes
frekwinsje 1x jiers
plak Washington, D.C.
1e útrikking 1978
offisjele webside
www.ips-dc.org/about/letelier-moffitt

It wurdt beskôge as in tige prestizjeuze priis, wêrmei't ynset op it mêd fan 'e minskerjochten erkend wurdt. De Letelier-Moffitt Human Rights Award is ferneamd nei de Sileenske ekonoom, politikus en diplomaat Orlando Letelier en dy syn Amerikaanske assistint Ronni Moffitt, dy't yn 1976 yn Washington, D.C. fermoarde waarden troch aginten fan 'e Sileenske geheime tsjinst, yn opdracht fan it rezjym fan diktator Augusto Pinochet.

Foar in folsleine list mei winners fan 'e Letelier-Moffitt Human Rights Award, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.