Leuvenheim (Brummen)

It doarp Leuvenheim leit oan de Isel, yn de gemeente Brummen yn de provinsje Gelderlân. It doarp hie op 1 jannewaris 2021 710 ynwenners yn sawol de buorren as it bûtengebiet. Yn it doarp binne gjin winkels foar deistige boadskippen, dêrfoar moat men nei it doarp Brummen of Dieren. It doarp hat in basisskoalle, "De Rietgors".

Leuvenheim

It doarp hat meardere ferienings, lykas tennisclub "LTC", de badmintonferiening, de oranjeferiening. "Leuvenheims Belang" set him yn foar it wolwêzen fan de ynwenners.

De âldste fermelding fan Leuvenheim stamt út 1046. Yn dat jier krige biskop Bernulfus fan keizer Hindrik III de stêd Dimter en in greefskip yn Hamaland, ek wol de Pago Isola of Iselgou neamd. Leuvenheim (Louene) wurdt neamd as ien fan de grinsplakken. Oare histoaryske staveringsfarianten op de plaknamme binne Lovenen (1400), Lavenem (1440), Lovenhem (1550) Lovenem en Loivenom (1640), Löfen (1650), Loevenich (1700), Leuven (1750) en Leuvenheim sûnt 1781.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Stan Dekker, Van Lovenen tot Leuvenheim, Leuvenheim 2000, ISBN 90-5812-012-0.