Tsjerkeklok

(Trochferwiisd fan Liedklokken)

In tsjerkeklok, tsjerkklok of liedklok is in klok dy't by in tsjerke heart en troch te lieden de tiid of in boadskip oanjout.

De 13e iuwske liedklok fan de klústsjerke te Warfhûzen.
Lûd fan de tsjerkeklok fan Aldeboarn, Fryslân, 4 juny 2022

Yn de ier-kristlike tiid hie men gjin oerwurken. It begjin fan de tsjerketsjinsten en de tiden foar it gebed moast de tsjerkeklok dus oanjaan. Dêrmei regele it lieden ek it deiske libben, wurktiden en iterstiden. Dit bleau sa, ek nei de Reformaasje, ek doe't eltsenien in klok yn 'e hûs hie en der in soad horloazjes kamen. Foar de Dútske tsjerkeklokkeroof, dy't 21 july 1941 begûn, hie Fryslân ± 400 tsjerkeklokken, fan foar 1800. It is net krekt bekend, hoefolle at ferlern gien binne. De alderâldsten binne bewarre bleaun, de Midsiuwske klokken.

De âldste tsjerkeklokken binne net datearre, mar der binne guon fan foar 1300. Dy fan Skillaard ( no yn it Frysk Museum) is nei alle gedachten fan 1284, dy fan Readtsjerk út 1307. In soad fan dizze tsjerkeklokken hawwe opskriften dy't reizgjende en letter fêstige klokkejitters neame. Sa is der Stephanus (1312-1346) , H. Kokenbacker (1457), Steven Butendiic (1458-1472), Geert van Wou (1477-1527), W. Wegewart (1561-1619), Hans Falck (1616-1639), A. Obertin (1623-1635), Jacob Noteman (1633-1649), Jurjen Balthasar, (1630-1663), Petr. Overney (1670-1711), Cl. Fremy (1699), J.A. de Grave (1704-1728), Crans (1722-1754) en J.C. Borchhard (1739-1776).

Fierder lêze

bewurkje seksje

Auteur Hessel de Walle jout yn syn boek Friezen uit vroeger eeuwen ûnder oaren in oersjoch fan de teksten fan sa goed as alle tsjerkeklokken út Fryslân. Op 'e webside fan 'e auteur binne oanfollingen en wizigingen te finen: Friezen uit vroeger eeuwen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Walle, Drs. Hessel de, Friezen uit vroeger eeuwen, (Frjentsjer: Wever Van Wijnen, 2007).