Lieve Joris
Godelive (Lieve) Elisabeth Achiel Micheline Joris (Neerpelt, 14 juny 1953) is in Flaamsk skriuwster fan reisferhalen.
Lieve Joris | ||
skriuwer | ||
Lieve Joris yn 2019 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Belgysk | |
berne | 14 juny 1953 | |
berteplak | Neerpelt | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | reisferhaal | |
jierren aktyf | 1986-no | |
offisjele webside | ||
Hiemside fan Joris |
Libben en wurk
bewurkje seksjeLieve Joris waard berne as fyfde yn in húshâlding fan njoggen. Har heit wurke by de belestingtsjinst en brocht it mei jûnstúdzje ta belestingûntfanger, har mem wie in mûndersdochter.
Nei de kostskoalle studearre Joris in jier psychology yn Leuven en gie dêrnei nei Amearika om as au pair te wurkjen en om te reizgjen. Yn 1975 gie se nei Nederlân, dêr't se de Skoalle foar Sjoernalistyk yn Utert folge. Se sette har nei wenjen yn Amsterdam en gie nei har stúdzje skriuwen foar de Haagse Post, NRC en it moanneblêd Avenue. Neidat se tsien jier foar de Haagse Post wurke hie, begûn se njonken artikels ek boeken te skriuwen. Yn 1986 debutearre se mei De Golf. Har wurk is tagelyk sjoernalistyk en literêr.
Joris hat in soad reizge troch lannen dêr't de situaasje faak gefaarlik wie en hat har ûnderfinings beskreaun, wêrby't se in ferbân leit tusken de barrens yn de libbens fan de minsken dy 't se moete hat en de polityk-sosjale en kulturele kontekst. Foaral it Midden-Easten ( De Golf, Een kamer in Cairo, De poorten van Damascus) en Afrika (Terug naar Congo, Mali blues, Dans van de luipaard, Het uur van de rebellen, De hoogvlaktes) hawwe har omtinken, mar se wie ek yn Hongarije (De melancholieke revolutie) en hie in fraachpetear mei V.S. Naipaul op it eilân Trinidad (Zangeres op Zanzibar). Nei de útjefte fan De hoogvlaktes besleat Joris har op Azië te oriïntearjen: Fjetnam, Dubai, Sina. Se reizget de Afrikanen achternei dy 't sûnt in pear jier dy kant opgean. Lieve Joris is op har reizen meastal by minsken thús en leit maklik kontakt; dêrtroch is hja by steat is om maatskippijen út in relatyf persoanlike ynfalshoeke wei te beskriuwen.
Yn har memoires Terug naar Neerpelt (2018) giet Joris werom nei it Flaamske plattelân dêr't se opgroeide as middelste bern fan in turbulinte húshâlding fan njoggen bern.Se hat it paradys fan har jonkheid yn eare hâlden en is de slangen net út de wei gien, merkte de Nederlânske skriuwer Maarten Asscher op. Libération skreau: Lieve Joris publisearret in opmerklik famyljeferhaal, mei dêryn miniatueren en anekdoates, oer it wylde libben en it tragyske lot fan in âldere broer dy't sawol bewûndere as ferflokt waard. [1]
In soad fan it wurk fan Joris is yn it Ingelsk, it Frânsk en it Dútsk oerset. Yn Nederlân bleau it wat stil nei har ein 2006 publisearre boek Het uur van de rebellen, mar yn Frankryk foel it tige goed. Yn maaie 2007 waard se yn de boekebylage fan de krante Libération "ien fan de bêste sjoernalisten fan de wrâld" neamd en op gelikense foet behannele mei ien fan har grutte foarbylden, V.S. Naipaul. Hy en Ryszard Kapuściński hawwe wichtich west foar har ûntwikkeling as skriuwer.
Lieve Joris ist troud mei de Poalske fotograaf Marek Stawski.
Prizen en ûnderskiedingen
bewurkje seksje- 1993 – De Henriette Roland Holst-priis foar De melancholieke revolutie.
- 1999 – De Prijs van de Vlaamse Gemeenschap voor Proza, foar Mali blues.
- 1999 – De Prix Astrolabe, in Frânske priis foar literêre reisferhalen, foar Mali blues.
- 2003 – De Kultuerpriis fan de provinsje Limburg (België) foar har hiele oeuvre.
- 2009 – De Prix Nicolas Bouvier, in Frânske priis foar De hoogvlaktes.
- 2010 – De Frânske Oarder fan Keunst en Letteren
- 2014 – Bob den Uyl-priis foar Op de vleugels van de draak.
- 2019 - publykspriis Confituur Boekhandels foar Terug naar Neerpelt
Bibliografy
bewurkje seksje- 1986 – De Golf, ISBN 90-204-2256-1
- 1987 – Terug naar Kongo, ISBN 90-290-2143-8
- 1990 – De melancholieke revolutie, ISBN 90-290-2897-1
- 1991 – Een kamer in Cairo (boekewike-essay), ISBN 90-70066-89-0
- 1992 – Zangeres op Zanzibar en andere reisverhalen, ISBN 90-290-2640-5
- 1993 – De poorten van Damascus, ISBN 90-290-4254-0
- 1994 - Amadou : Afrikaanse notities
- 1994 - Reis naar het hart der duisternis, ISBN 90-290-4836-0
- 1996 – Mali blues en oare ferhalen, ISBN 90-290-5205-8
- 2001 – Dans van de luipaard, ISBN 90-290-7043-9, ferfolch op Terug naar Kongo
- 2006 – Het uur van de rebellen, ISBN 90-457-0058-1
- 2008 – De hoogvlaktes, ISBN 978-90-457-0183-7
- 2010 – Mijn Afrikaanse telefooncel, ISBN 978-90-457-0452-4
- 2013 – Op de vleugels van de draak: reizen tusken Afrika en Sina, ISBN 978-90-450-2461-5
- 2015 - De meneer van kilometer 84 - bondel fan earder ferskynde koarte ferhaalsjes, útjûn as Literair Juweeltje, ISBN 978-90-8516-389-3
- 2018 - Terug naar Neerpelt, ISBN 978-90-450-3716-5
- 2022 - Hildeke, ISBN 978-90-450-4696-9
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|