Likenis fan de Rike Man en Lazarus

De Likenis fan de Rike Man en Lazarus is in bibelske parabel fan Jezus yn it evangeelje fan Lukas (16: 19-31).

Lazarus leit op de trep by de rike man (James Tissot)

Der wie ris in rike man dy't yn grutte lúkse libbe en by de yngong fan syn hûs siet altiten in bidler, dy't Lazarus hiet. Lazarus hie it min troffen, hy siet ûnder de swolms dêr't de hûnen op omslikken en hie al bliid west mei de krommels dy't by de rike man fan tafel foelen. Doe't Lazarus stoar droegen ingels him nei de himel yn de skoat fan Abraham. Efkes letter ferstoar ek de rike man en hy krige in moaie begraffenis. Mar yn it deaderyk wiene de rollen omdraaid. Wylst Lazarus by Abraham siet, kaam de rike man yn de hades telâne, dêr er fergie fan 'e pine en de toarst. Doe't er Abraham en Lazarus oan de oare kant fan de ôfgrûn seach, frege hy Abraham oft Lazarus him net in drip wetter bringe koe om him de tonge wat ôf te kuoljen. Ek hie de rike man noch fiif bruorren op 'e wrâld en as Lazarus har no ris warskôge, dan soene hja net lyk as him sa einigje

Mar Abraham wegere syn fersiken yn te willigjen. Dû hast it goede al hân yn dyn libben sei Abraham tsjin de rike man, en dyn bruorren, dy hawwe Moazes en de profeten en as se dêr net nei harkje wolle, sille hja ek net harkje wolle nei ien dy't út it deaderyk komt.

Opfallend oan de likenis is it brûken fan de namme Lazarus. Yn de oare likenissen brûkt Jezus nammentlik nea in namme fan in persoan. Dêrom waard der eartiids ek wol tocht dat it hjir om in wier bard ferhaal gyng yn stee fan in likenis. De letterlike útlis soarge lykwols foar konflikten mei oare Bibelteksten oer de status fan immen nei de dea (bygelyks yn Ezechiël 18:1 en Genesis 3:19) en dêrom wurdt der hjoed-de-dei troch de measten fan útgien dat it in likenis is.

Jezus rjocht syn wurden tsjin de Fariseeërs, dy't Jezus noch al ris hinderlik folgje. It is dêrom mooglik dat Jezus mei de rike man de Fariseeërs bedoelt en mei Lazarus de heidenen. Dat de rollen yn it deadenryk omdraaid wiene, wol sizze dat allinnich komôf noch gjin ferlossing bringt.

Dat in warskôging fan Lazarus oan de bruorren fan de rike man gjin doel hie om har ta ynkear te bringen, docht letter bliken as Jezus neffens Jehannes 11:1-44 echt in Lazarus út de dea werom hellet. It wûnder makket grutte yndruk ûnder de joaden, mar soarget foar oergeunst en grimmitigens by de Fariseeërs. Ek dan wolle de Fariseeërs lykwols net leauwe dat Jezus de Messias is, dy't harren troch de profeten út it Alde Testamint foarsein is en slimmer: hja sjogge Jezus as in grutte bedriging foar de eigen status en oerlizze hoe't hja it bêste fan Jezus ôf komme kinne.

Keppeling om utens

bewurkje seksje