Lisa Lipps, echte namme: Leslie Godfrey (Chicago, 22 oktober 1966), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Angelsaksysk Amerikaansk etnysk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Starri Knights, en wa har artystenamme oft ek misstavere wurdt as "Lisa Lips". Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m, mei in gewicht fan 65 kg. Se stiet benammen bekend om har grutte boarsten.

Lisa Lipps
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Lisa Lips, Starri Knights,
Starry Knights
echte namme Leslie Godfrey
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 oktober 1966
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19912012
offisjele webside
foarhinne www.lisalipps.com (deade link)

Libben en karriêre bewurkje seksje

Lisa Lipps waard berne yn Chicago, yn 'e steat Illinois, mar groeide op yn Clearwater Beach, yn Floarida. Koart nei it berikken fan har mearderjierrichheid, yn 1984, begûn se te wurkjen as stripper. Yn 1991 sette se útein mei har pornokarriêre; dêrby spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn totaal yn 78 pornografyske films, foar't se har úteinlik yn 2012, doe't se 46 jier wie, út 'e pornoyndustry weromloek. Under har karriêre wenne se earst lange tiid yn Las Vegas, yn 'e steat Nevada, en letter yn New York.

Lipps hie fan natuere in D-kup, mar nei ferskate boarstfergruttingsoperaasjes, wêrfan't se de earste al ûndergie doe't se noch mar njoggentjin jier wie, feroare dat yn kup 53EE. Sadwaande waard se yn 'e jierren njoggentich in stjer fan it grutte-boarstesjenre fan 'e pornografy, yn 'e mande mei kollega's as Tiffany Towers en Wendy Whoppers. Njonken har aktearkarriêre posearre se ek foar in ferskaat oan neakenblêden, lykas Score en Hustler's Busty Beauties. Fierders sette se har wurk as stripper fuort, wêrby't se by stripklubs yn hiel Noard-Amearika lâns op toernee gie, en om 2000 ien fan meast ferneamde en bêst betelle eroatysk dûnseressen wie.

Ek ferskynde se ferskate kearen op 'e Amerikaanske tillefyzje. Sa die se yn 1997 mei oan The Jerry Springer Show, it spraakmeitsjende praatprogramma fan presintator Jerry Springer, en yn 1998 wie hja te gast yn 'e tillefyzjeshow fan presintator Howard Stern.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.