List fan kongressen fan de Fryske Rie

Wikimedia-list

Hjirûnder stiet in oersjoch fan alle Grutfryske en Ynterfryske kongressen.

By it earste kongres yn 1925 sette de diskusje útein oer it oprjochtsjen fan in mienskiplike rie foar alle Fryslannen. By it Grutfryske Kongres fan 1930 waard de Fryske Rie oprjochte. Sûnt dy tiid is de Fryske Rie ferantwurdlik foar de organisaasje fan de kongressen.

Oersjoch kongrestema's fan de Fryske Rie
Jier Tema Plak
2012 Nije kânsen foar de Fryslannen Harns
2009 Gezeitenwechsel Lier
2006 Iepen doarren Leek (NF)
2003 Gastfrij Fryslân Ljouwert
2000 Die Friesen - Ein Volk für sich Jever
1997 De Friezen en har lânskip - identiteit en ferantwurdlikens Hüsem
1994 De PR fan it Frysk Ljouwert
1991 Europa 1992 - in mienskiplike takomst foar de Fryslannen Auwerk
1988 De betsjutting fan migraasje foar de trije Fryslannen Wyk op Fear
1985 Regio en media Ljouwert
1982 De grutte en lytse wrâld - regionalisme as Europeeske beweging Auwerk
1979 It oansjen fan Fryslân Söl
1976 Us doarp hjoed en moarn Ljouwert
1973 De takomst fan it Waad Hüsem
1970 Bildung und Region Hüsem
1967 De takomst fan de trije Fryslannen Ljouwert
1964 Fryslannen yn it ramt fan it Noardseekultuergebiet Auwerk
1961 Nordfriesland in Umbruch Naibel
1958 Kultuer en ekonomy yn de trije Fryslannen Ljouwert
1955 Gjin tema, mar lêzings op it mêd fan taal en kultuer Auwerk
1952 Gjin tema, mar lêzings op it mêd fan taal en kultuer Hüsem
1937 Gjin tema, mar lêzings op it mêd fan taal en kultuer Memlik
1930 Gjin tema, mar lêzings op it mêd fan taal en kultuer Hüsem
1927 Gjin tema, mar lêzings op it mêd fan taal en kultuer Ljouwert
1925 Gjin tema, mar lêzings op it mêd fan taal en kultuer Jever