Little Traversebaai

De Little Traversebaai (Ingelsk: Little Traverse Bay) is in wetter dat heart ta it systeem fan 'e Grutte Marren fan Noard-Amearika. It is in baai oan 'e noardkust fan Neder-Michigan, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Michiganmar. De stêden Harbor Springs en Petoskey lizze oan 'e kust fan 'e Little Traversebaai. De baai wurdt troch frachtskippen op 'e Grutte Marren by stoarmeftich waar brûkt as skûlplak. De natuerlike haven fan Harbor Springs foarmet in baai yn 'e baai, wêrfan't de yngong oanjûn wurdt troch de Little Traverse-fjoertoer.

Little Traversebaai
geografy
type wetter baai
lokaasje midden fan Noard-Amearika
lân Feriene Steaten
steat Michigan
koördinaten 45°24′0″N 85°0′0″W
ûnderdiel fan Michiganmar
sifers
djipste punt 55 m
kaart
Little Traversebaai (Michigan)
Little Traversebaai
Lokaasje yn Michigan.

Mids njoggentjinde iuw hearde de hiele kust fan 'e Little Traversebaai ta it Yndianereservaat fan 'e Ottawa, dat letter troch de Amerikaanske oerheid opheft waard. Pas yn 1994 wisten de Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen har federale erkenning werom te winnen. De stamme hat no in folle lytser reservaat dat bestiet út perselen grûn yn Harbor Springs en Petoskey, dêr't se yn dat lêste plak in kasino op boud hawwe.

Tsjintwurdich is de Little Traversebaai by 't simmer in populêr fakânsje-oard, dêr't in protte oan wettersport dien wurdt (benammen silen, boatsjefarren en swimmen). Yn ferskate doarpen oan 'e kust fan 'e baai, lykas Bay View, Wequetonsing, Bay Harbor en Harbor Point, is de lokale ekonomy fierhinne rjochte op toerisme. Yn it simmerskoft organisearret de Little Traverse Yacht Club elts jier de saneamde Ugotta Regatta, in boatrace, op 'e Little Traversebaai.

De Little Traversebaai by sinne-ûndergong.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.